Anneke Douma
Ut Wikipedy
‘’’Anneke Douma’’’ ( Moarre / Ljussens ) is in Fryske sangeres.
Anneke begûn as famke fan 14, as sangeres by ferskate orkesten út de omjouwing, op te treden op brulloften en partijen.
Sy waard bekend doe't hja frege waard foar it doe tige populêre orkest fan de firtuoaze akkordeonist Pier Sambrink, "De Sambrinco's". Hja giene dêrmei it hiele lân troch. Anneke wie doe al nei Ljouwert ferhuze.
Har earste solosingle wie in jodelliet, "De Jodelskoalle" dat se makke ûnder de namme "Anneke Duma" om't in platebaas de namme Douma te Frysk fûn.
Nei in lange tarieding waard de kryst-CD "As in Stjer " opnommen mei nije muzikanten. It album wie fold mei meast orizjinele stikken. Der stiet ek in duet mei minister Annemarie Jorritsma op, en in duet mei Piter Wilkens, dy’t ek in stik of wat ferskes skreau.
Al gau grypte se werom op har ‘roots’: it Heitelân. Frysktalich materiaal betsjut yn har gefal faak dat se teksten en muzyk bringt fan de yn 1993 te jong ferstoarne tekstdichter Anne van der Mark fan Koatstertille. Se komt no al wer in jiermannich foar de fuotljochen mei in Frysk repertoire, fan bekende, gesellige, âlde en nije lietsjes. "Elk optreden is eins in thúswedstryd en wurdt grif in feest", seit se sels. Swiet & Bjuster begeliede har geregeld.
Nei har hit " It Woanskip " brocht se yn july '96 har cd-album "Op Aventoer", mei ûnder oaren in útfiering fan "It Frysk Folksliet" út. De belangstelling fan publyk, parse en insiders sloech alles. Inkele jierren letter drige te betiid in ein te kommen oan har muzikale loopbaan. De stimbannen woenen net mear en Anneke Douma moast ûnder it mes. Sjonge koe se noch wol, al wie it berik fan har stimme wol beheind. Se naam doe wol it beslút om it kalmer oan te dwaan. Oan it begjin fan de Alvestêdetocht yn jannewaris 1997 krige Anneke Douma ek lanlike bekendheid mei it nûmer "Bonkefeart", as in soarte fan "Alvestêdeliet" en Anneke krige de namme "Keninginne fan it Fryske liet".
Anneke treedt ek op mei har dochter Agnes Sambrink.
[bewurkje seksje] Diskografy Anneke Douma
Mini-cd's:
- "Falko Zandstra" (?) tegearre mei De Kluners
- "De Woanark"
- "Krystfeest yn't buertsje" (1997) tegearre mei Annemarie Joritsma)
- "Bonkefaert" (199?)
Cd's:
- "Moai sûnder wjergea" (199?)
- "Sjongt... 15 alde en nije Fryske hits" (199?)
- "Sin en wille" (199?)
- "Op Aventoer" (1996)
- "As een stjer" (1997)
- " 't Woanskip" (200?)
- "Sjongt" (200?)
Cd’s tegearre mei oaren:
- "Frysk hit festival 1" (?)
- "Frysk hit festival 2" ( ?)
- "Toppers ut Fryslan, diel 2" (?)
- "Otter in Noot" (1993) mei Aqua Lutra
- "Toppers ut Fryslân 2" (1994)
- "Nederlandstalige top 100" ( ?)
- "Elfstedentocht Hits" (199?)
- "De Nederlandstalige top 100 allertijden" (1997)
- "Trochstrings & Ko" (?)
- "De hits fan Radio Yllegaal" (?) mei omrop Fryslân
- "Frysk stjerrejûn" (2001)
- "Ald & nij, diel 1" (2001)
- "Ald & nij, diel 2" (2001)