Aldehaske
Ut Wikipedy
|
Aldehaske (earder Hasca ) is in doarp yn it easten fan de gemeente Skarsterlân dat om de krusing Jousterwei - Badwei ûntstien is. Aldehaske hat likernôch 2.000 ynwenners en is dêrmei wat grutte betreft it tredde doarp fan de gemeente. Aldehaske groeit stadichoan tsjin It Hearrenfean oan.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Befolking
1954 - 1450, 1959 - 361, 1964 - 1156, 1969 - 935, 1974 - 968
[bewurkje seksje] Skiednis
It doarp, dat oant it ûntstean fan Nijehaske gewoan De Haske hjitte, is it âldste fan de eardere gritenij en gemeente Haskerlân. It moat al yn de 13e ieu bestien hawwe en krige om 1300 hinne in eigen kapel. De namme 'Haske' ferwiist nei in stik lând, begroeid mei strewellen en lytse beamkes. Troch de feanôfgraving yn it gebiet, dy't al yn de 16e ieu geande wie, koe it doarp him ûntjaan.
Doe't 200 jier letter saneamde Gitersken nei it gebiet kamen om fen ôf te graven, groeide it ynwennertal fan beide doarpen hurd. Dizze groep minsken út de kop fan Oerisel brocht in nije ferfeantingsmetoade nei Fryslân, dy't grutte wetterplassen ta gefolch hie. Troch dizze wize fan feanterij is it natuergebiet Nannewiid ûntstien, dat ten súdwesten fan Aldehaske leit.
[bewurkje seksje] Fladdeteater
Yn de pleats fan Jan hettinga siet in partikulier teater: It Fladdeteater. De kabaretgroep Samar treedt hjir op.
[bewurkje seksje] Ferienings
- De Greveling - tennis
- De Vriendschap - iisclub
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Eardere hurdriderscoach en kommintator Henk Gemser wennet yn Aldehaske.
- Ek skriuwster Lida Dykstra (*1961) komt fan De Haske.
- In soad minsken kenne it ferske En yn De Haske siet in baarch yn de beam, ....
- Yn it Nannewiid wie in natuerswimbad. De klaaihokjes binne yn 2002 sloopt.
- Utjouwerij KFFB sit yn Aldehaske ( Dick Eisma )
[bewurkje seksje] Strjitten yn Aldehaske
Alle strjitten yn Aldehaske.