See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Sportklub It Hearrenfean - Wikipedy

Sportklub It Hearrenfean

Ut Wikipedy

SK It Hearrenfean
Basis ynformaasje
Namme SK it Hearrenfean
Oprjochte 20 july 1920
Stadion Abe Lenstra Stadion
Kapasiteit 26.600
Klubkleuren Wyt, blau en read
Foarsitter Yme Kuiper, Henk Hoekstra

en Jan van Erve

Trener Gertjan Verbeek
Kompetysje Earedivyzje

Sportklub It Hearrenfean (Sportclub Heerenveen, faak ôfkoarte ta sc Heerenveen) is in Fryske profesjonele fuotbalklub fêstige op It Hearrenfean, útkommend yn de earedivyzje. De klub is de fêste bespiler fan it Abe Lenstra stadion. Thúswedstriden fan SK It Hearrenfean begjinne tradysjoneel altyd mei it Frysk folksliet.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

It Hearrenfean waard oprjochte op 20 july 1920 ûnder de namme Athleta. In jier letter waard dizze namme feroare yn Spartaan. Ek dizze namme hat de klub net lang hân. Yn 1922 is de namme troch de Nederlandse Voetbal Bond (NVB) wizige nei v.v. Heerenveen. Sûnt 1977, doe't de klub har opsplitste yn in amateur- en in profesjonele ôfdieling is de namme sc Heerenveen.

[bewurkje seksje] Pre-betelle fuotbal

De klub spile foar it earst yn kompetysjeferbân yn 1922. Dat seizoen waard de ploech fuort kampioen en promovearre it nei de 3e klasse NVB. Ek in jier letter waard de ploech kampioen en waard der promovearre nei de 2e klasse NVB. Yn it seizoen 1936/1937 komt de klub yn de 1e klasse NVB terjochte, op dat stuit it heechste fuotbalnivo yn Nederlân. De perioade dy’t hjirop folget is in gouden perioade foar it Hearrenfean mei tal fan súksessen. Under lieding fan Abe Lenstra wurdt It Hearrenfean njoggen kear op rige, tusken 1942 en 1951, kampioen fan it noarden. Mar ta it lanlik kampioenskip komt it nea. Ferneamde spilers út dizze perioade binne: Abe Lenstra, Jan Lenstra, Wim Molenaar, Henny Jonkman, Jan Bosscha, Sietze de Jong, Sietze van der Laan, Tieme Veenstra, Jaap (Mollo) de Jong, Gerben Hofma en Marten Brandsma.

Dizze perioade fan súksessen stoppet mei it begjin fan it betelle fuotbal yn Nederlân. De belangrykste spiler fan It Hearrenfean, Abe Lenstra, lûkt nei Sportklub Ynskedee om dêr yn it betelle fuotbal te spyljen. It Hearrenfean spilet fan dan ôf jierren lang yn de Twadde Divyzje.

SK It Hearrenfean, 2002.
SK It Hearrenfean, 2002.

[bewurkje seksje] 1955 - 1979

Mei de komst fan it betelle fuotbal brekt in swarte perioade oan foar It Hearrenfean. Wol spilet It Fean begjin jierren sechtich trije jier yn de Earste divyzje, mar finansjeel giet it de klub net foar de wyn. Yn 1967 wie it sa min stelt mei de finânsjes dat de gemeente net mear helpe woe. Dêrop sprong de mienskip fan It Hearrenfean by, yn de foarm fan Aktie’67. 70.000 euro waard der ynsammele en de klub koe der stadich oan wer boppe op komme. Ek nei 1967 wienen der noch geregeld finansjele problemen. Hjoed de dei bestiet Aktie’67 noch en is it ferantwurdlik foar in wichtich part fan de ynkomsten fan de fuotbalklub.

Yn 1970 wurdt It Hearrenfean kampioen fan de Twadde divyzje en wurdt der promovearre nei de Earste divyzje. Hjir sil It Fean noch oant 1990 in spylje bliuwe.

[bewurkje seksje] 1980 - no

Yn 1980, mei de komst fan Henk van Brussel, bart der foar it earst yn lange tiid wer wat moais. Under lieding fan Van Brussel wurdt der goed en oanfallend fuotbal spile, yn 1981 en 1982 wurdt der sels neikompetysje behelle. Dizze perioade wurdt ferneamd as de Brusselske Kermis.

Mei de komst fan Riemer van der Velde as foarsitter yn 1983 wurdt de gong omheech hielendal ynset. Van der Velde makket skjin skip en de skulden wurde saneard. Yn 1985 folget Foppe de Haan Henk van Brussel op. Nei De Haan binne Ted Immers (1988-1989) en Ab Gritter (1989-jannewaris 1990) trener fan it earste alvetal fan It Hearrenfean. Begjin 1990 komt Fritz Korbach foar de groep te stean. Mei him wit de klub yn 1990, troch de nijkompetysje, nei de Earedivyzje te promovearjen. De klub degradearre dat jier wol wer fuortendaliks nei de Earste Divyzje, mar in grutte stap yn de ûntwikkeling fan de klub is makke. Yn 1992 wurdt Foppe de Haan wer trener fan It Hearrenfean. Under 'ús Foppe' hellet de klub twa kear de KNVB-bekerfinale, yn 1993 en yn 1997. Beide kearen wie It Hearrenfean ferliezend finalist: yn 1993 tsjin Ajax en yn 1997 tsjin Roda JC. Yn 2000 kwalifisearre It Hearrenfean him troch in twadde plak yn de kompetysje te heljen foar de Champions League.

Sûnt 2004 is Gertjan Verbeek de trener fan It Fean. Under syn lieding wit hy syn ploech elts jier nei Jeropeesk fuotbal te lieden. Yn desimber 2007 krijt Verbeek te hearren dat syn ôfrinnende kontrakt net ferlingd wurde sil. Sadwaande moat de trener oan de ein fan it seizoen 2007/2008 op syk nei in nije klub.

Op 25 maart 2008 makket de klublieding op har webside bekend dat de Noar Trond Sollied de nije haadtrener fan de ploech wurdt. Tegearre mei syn assistint Chris van Puyvelde tekent hy in kontrakt foar twa jier.

De prestaasjes fan It Hearrenfean yn de lêste 33 jier.
De prestaasjes fan It Hearrenfean yn de lêste 33 jier.

[bewurkje seksje] Prestaajes

Earedivyzje, twadde: 1

  • 1999-2000

Promoasje nei Earedivyzje: 2

  • 1989-1990
  • 1992-1993

Twadde divyzje:1

  • 1969-1970

KNVB Beker, ferliezend finalist: 2

  • 1992-1993
  • 1996-1997

[bewurkje seksje] Treners

It Hearrenfean hat yn harren skiednis 31 treners hân. Hjirûnder in list fan dizze treners:

[bewurkje seksje] Foarsitters

Foarsitters fan foar de splitsing tusken amateurs en profs:

De foarsitters fan de profseksje fan It Hearrenfean:

[bewurkje seksje] Klubliet

It klubliet fan SK It Hearrenfean hjit 'Heerenveen, ús Heerenveen. Dit is de tekst:

Refrein:

Aan de kant ik moet naar 't stadion, Heerenveen ús Heerenveen,
Naar 't Abe Lenstra stadion, Heerenveen ús Heerenveen.
Pompeblêde Fryslân boppe, gooi de rest mar yn de groppe,
Daarom roept en zingt nu iedereen, Heerenveen ús Heerenveen,

Tweede deel refrein: (Dit wie earder it deuntsje by in doelpunt fan It Hearrenfean)

Olé, olé, olé, olé, olé, olé,
Ja, ze zingen met ons mee,
Olé, olé, olé, olé, olé, olé,
Overal hoor je nu dit olé.
We gaan alleen maar voor de winst,
Dus knal 'm erin dat is er een.
Er kan maar een de beste zijn,
Toevallig is dat ús Heerenveen.

Refrein:

We hebben een doel, naar de top,
Dus knal 'm erin dat zijn er twee.
Als 't eindsignaal straks klinkt,
Dan pakken we weer drie puntjes mee.

Refrein (sûnder it twadde part) oanfult mei:

Heerenveen ús Heerenveen, Heerenveen ús Heerenveen.

[bewurkje seksje] (Ald-)spilers, treners en bestjoerders

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -