Abe Lenstra stadion
Ut Wikipedy
Abe Lenstra Stadion | |
---|---|
Basis ynformaasje | |
Namme | Abe Lenstra Stadion |
Plak | It Hearrenfean |
Iepene op | 20 augustus 1994 |
Kapasiteit | 26.400 |
Bespiler | SK It Hearrenfean |
It Abe Lenstra stadion is it stadion fan de profesjonele fuotbalklub SK It Hearrenfean. It stadion is ferneamd nei de fuotballer Abe Lenstra. It stadion stiet oan de eastkant fan It Hearrenfean oan de A32. It stadion hat likernôch 26.400 sitplakken en is in ûnderdiel fan Sportstêd It Hearrenfean.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Oan it begjin fan de jierren ’90 waard dúdlik dat it âlde Sportpark Noard te lyts waard foar de ambysjes fan It Hearrenfean. Sa dwaande waard besluten in nij stadion te bouwen. De arsjitekten Sjoerd Ybema en Gerry Meagher hellen ynspiraasje op út it stadion fan honkalklub de New York Yankees. Yn it begjin wie der sprake fan fjouwer losse tribunes, mar al gau kamen se der efter dat it stadion dan net grut genôch wêze soe. Sadwaande waard mei de bou al besluten dat de hoeken ticht makke wurde moasten. It jild foar dizze hoeken waard opbrocht troch fjouwer rike sakelju.
De earste peal gie op 1 oktober 1993 de grûn yn en waard slein troch doetiids KNVB-foarsitter Jos Staatsen. De earste stien waard lein troch Riemer van der Velde op 14 maart 1994. Al op 20 augustus 1994 koe de earste wedstriid yn it stadion spile wurde. De iepeningswedstriid fûn plak tsjin PSV út Eindhoven. Prins Willem Alexander ferrjochte de ôftraap by dizze wedstriid. De earste offisjele wedstriid wie op 26 augustus 1994 tsjin FK Grins. De wedstriid waard mei 2-0 wûn troch It Hearrenfean.
[bewurkje seksje] Ferbouwings
It Abe Lenstra Stadion hat yn har koarte skiednis as hiel wat ferbouwings hân. De earste ferbouwing fûn einliks al by de bou plak troch it ticht meitsjen fan de hoeken. In pear jier letter waarden de haadtribune en it gebou foar it stadion útwreide. Sadwaande krige de klub mear romte foar skyboksen. Ek koe de KNVB-Noard, in ôfdieling fan de KNVB dy't it amateurfuotbal yn it distrikt Noard regelt, har haadkantoar fêstigje.
Yn 2002 waad begûn mei de bou fan it projekt Sportstêd It Hearrenfean. Hjirmei waard de kapasiteit fan it stadion ferdûbele fan 14.500 sitplakken nei in totaal fan 26.800 plakken, wêrfan 1.000 steanplakken.
Op 8 novimber 2007 sette SK It Hearrenfean in artikel op harren webstee oer it mooglik noch fierder útwreidzjen fan it stadion. Dit yn it ramt fan it WK fuotbal yn 2018 dat mooglik yn Nederlân en Belgje hâlden wurdt. De KNVB hat de Sportklub en de gemeente Hearrenfean al frege hoe't dizze partijen tsjinoer dizze plannen stean. Mocht dit allegear trochgean dan wurdt it stadion noch fierder útwreide nei likernôch 40.000 oant 45.000 sitplakken. Mooglik wurdt yn de eardere takomst de ringrêft ûnder oan de tribunes al ticht boud. Dit moat likernôch 3.000 oant 5.000 sitplakken opleverje.
[bewurkje seksje] Eveneminten
Yn de rin fan de tiid is it Abe Lenstra Stadion net allinnich brûkt troch SK It Hearrenfean. Sa waard yn 1995 it tonielstik Abe!, dien troch Tryater, opfiert yn it stadion. Ek hat De Kast, yn 1996, yn it stadion in optreden dien.
Yn 2007 waard it stadion brûkt foar it EK foar spiler ûnder de 21 jier.