Skettens
Ut Wikipedy
Skettens is in doarp yn de gemeente Wûnseradiel, tusken Wytmarsum en Boalsert. It doarp hat likernôch 210 ynwenners (2004). It terpdoarp hat in herfoarme en in grifformearde tsjerke. Nei 1580 foarmen Skettens en Longerhou tegearre in tsjerklike gemeente. De Herfoarme tsjerke is fan 1865, mar op itselde plak stie yn de midsieuwen al in tsjerke dy't mear as ien kear ferboud en werboud is. De grifformearde tsjerke waard oprjochte op 7 desimber 1888 yn in houten skuorre. Oant de werklike bou fan it tsjerke yn 1907 waarden de tsjinsten út dizze tsjerke wei hâlden. Sûnt 2005 wurdt it gebou net mear brûkt en is de pastorije yn priveebesit.
De figueren yn it doarpswapen komme út it famyljewapen fan de Osinga's dy't east fan it doarp in stins hienen. Yn de herfoarme tsjerke lizze noch sarken fan de famylje, lykas de libbensgrutte ofbyldingen fan de forstoarnen en wol fan Sybrand fan Osinga en Atke fan Aggema.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
Skettens hat mei Longerhou in feriening foar Doarpsbelang dy't har gearkomsten hat yn doarpshûs De Terp. Winterdeis is der soas. Fiadukt is it doarpskrantsje. Oan de Van Osingawei stiet basisskoalle De Trijetine.
[bewurkje seksje] Ferienings
- SLS - keatsen
- De Pommeranten - biljerten
- Lyts Begjin - klaverjassen
- De LOfstem - koar
[bewurkje seksje] Berne
- Sytze Faber (1937), politikolooch, bestjoerskundige, sjoernalist, kollumnist en politikus
- Gerrit Ybema (1945), amtner, politikus en ûndernimmer
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Bittenserpaad, Filenserwei, Fjouwersprong, Marnedyk, Skelte van Aysmastrjitte, Van Osingawei.