Longerhou
Ut Wikipedy
Longerhou is in doarp yn de gemeente Wûnseradiel, west fan Boalsert. It doarp hat likernôch 60 ynwenners (2004). It doarp waard eartiids Langerhou neamd, en dêrfoar Langerhove. De tsjerke is fan 1250, mar is yn 1757 tige yngreven ferboud.
Yn it tsjerke stiet in preekstoel mei fraai houtfykwurk.
Foar 1580 wie it doarp in selsstannige parochy. Nei 1580 foarmen Longerhou en Skettens tegearre ien tsjerklike gemeente. By de Reformaasje moast it doarp de dûmny diele mei Skettens, yn it doarpswapen stiet dêrom in krús dat yn twaën dield wurdt. Yn it midden fan de njoggentjinde ieu wie Longerhou it sintrum fan de Frysk Réveilbeweging om dûmny Jan Felix.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
De feriening doarpsbelang is oansluten by de Feriening Lytse Doarpen en komt op foar de belangen fan Longerhou en Skettens. Se komme gear yn doarpshûs De TerpDe doarpskrante hjit Fiadukt. Der is fierders in kommisje foar de Boarterstún en in kommisje foar de jierlikse Doarpsfeesten Skettens-Longerhou. Der leit in Takomstfyzje foar 2002-2010. De bern geane meast nei skoalle De Trijetine yn Skettens. Winterdeis is der soas op woansdeitemiddei yn De Terp.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Lyts Begjin - kaarten
- Lofstim - koar
- SLS (Sportferiening Longerhou-Skettens) - keatsen
[bewurkje seksje] Muzyk
- In bekend ferske fan J. Slofstra is "Sjouk fan Longerhou".
- Wiebren Altena/Doede Veeman skreaunen "De Ballade fan Longerhou"
- Longerhouster Folksliet
[bewurkje seksje] Strjitten
Buorren, Skraarderleane.
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Literatuer
- In stikje fan ús libben, útjûn troch Doarpsbelang yn 1999