Pikardje
Ut Wikipedy
|
||||
Haadstêd | Amiens | |||
Arrondisseminten | 13 | |||
Kantons | 129 | |||
Gemeenten | 2 292 | |||
Departeminten | Aisne (02) Oise (60) Somme (80) |
|||
Oerflakte | 19 399 km² | |||
Ynwenners - Totaal - Befolkingstichtens |
1 857 481 (1999) 96 ynw/km² |
|||
Volkslied | [[]] | Offisjele webstee | ||
Offisjele webstee | {{{webside}}} |
Pikardje (Frânsk: Picardie) is in regio yn Noard-Frankryk, noardeastlik fan Normandje. Dizze regio bestiet út trije departeminten: Somme, Oise en Aisne, dy't alle ferneamd binne nei harren wichtige rivieren. De haadstêd is Amiens.
Oant de Frânske revolúsje doe it opdield waard yn trije departeminten, wie it gebiet boppe de rivier de Somme ûnderdiel fan de Nederlannen (De liuwen yn de hjoeddeistige flagge ferwize hjirnei). Under de doetiidske grins leine Oise en Aisne, dy't yn dy tiid diel útmakken fan it Ile-de-France.
De Pikardyske kust is in stripe fan likernôch sechstich kilometer, mei ôfwikseljend krytrotsen en sânstrannen.
Pikardje hat in wichtige rol spile yn de kultuerskiednis en wurdt ek wol sjoen as de widze fan de goatyk. Benammen Amiens, Beauvais en Laon, mar ek Soissons en Noyon hawwe ferneamde katedralen.