Noardlike Hegeskoalle Ljouwert
Ut Wikipedy
De Noardlike Hegeskoalle Ljouwert (NHL) is in ûnderwiisynstelling foar it heger ûnderwiis yn Nederlân. De skoalle hat mear as 10.000 studinten en 1.000 meiwurkers. De hegeskoalle wurdt laat troch de Stifting Noardlike Hegeskoalle Ljouwert.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Lokaasjes
De NHL is benammen fêstige yn Ljouwert, wêr’t ek de haadlokaasje sit, mar hat yn oare plakken yn Nederlân ek ûnderdielen ûnderbrocht. Yn bygelyks Grins, Swol, West-Skylge en Ynskedee hat de NHL ek festigings.
De festigings:
- Haadlokaasje: Tesselschadestrjitte (Ljouwert)
- Hans Wiegelhûs; Neist de haadlokaasje
- Himpenserwei (Ljouwert)
- Gearwurking op it Van Hall Ynstitút (Life Sciences)
- Edukatyf Sintrum Noard en East
- Festiging op de Ryksuniversiteit Grins
- Festiging op de Kristlike Hegeskoalle Windesheim
- Festiging op de Saxion Hegeskoallen
- Festiging op de Iepen Universiteit Swol
- Maritym Ynstitút Willem Barentsz, yn West-Skylge
[bewurkje seksje] Nijbou
Begjin 2009 sille de lokaasjes dy’t festige binne yn Ljouwert ferhúzje nei in nijboulokaasje. It nije gebou stiet op it plak wêr’t eartiids it Bouhouf stûn hat, wat froeger ek in lokaasje fan de NHL wie. Dit nije gebou stiet neist de Kristlike Hegeskoalle Nederlân.
[bewurkje seksje] Grûnslach
De Noardlike Hegeskoalle Ljouwert hat in algemiene grûnslach. Dit betsjut dat de skoalle net iepenbier of Kristlik is, mar útgiet fan in lykweardige posysje fan alle libbensbeskôgings en maatskiplike oertsjûgings.
[bewurkje seksje] Organisaasje
[bewurkje seksje] Bestjoer
Oan de top fan de NHL stiet de Ried fan Tasjoch. Dizze kiizje en stjoere it Kolleezje fan Bestjoer (KfB) oan. De KfB is ferantwurdlik foar it deiliks bestjoer oer de skoalle.
[bewurkje seksje] Ynstitúten
De NHL is ûnderferdield yn fjouwer ynstitúten. Dizze ynstitúten jouwe yn harren eigen ynstitút opliedings dy't nau mei-elkoar besibbe binne. Alle ynstitúten hawwe in eigen direkteur:
- Ynstitút Ekonomy en Management
- Ynstitút Edukaasje en Kommunikaasje
- Ynstitút Technyk
- Ynstitút Soarch en Wolwêzen
Dizze ynstitúten binne wer opdield yn ferskate ôfdielings. Eltse ôfdieling hat ien of meardere opliedings (ôfhinklik fan de grutte fan de opliedings). Eltse ôfdieling hat in eigen ôfdielingshaad.
[bewurkje seksje] Meisizzenskip
De NHL hat trije nivo’s fan meisizzenskip:
- Hegeskoalleried (de hiele hegeskoalle)
- Dielried (it ynstitút)
- Opliedingskommisje (de ôfdieling)
Yn teory binne der foar alle trije nivo’s ferkiezings, mar omdat der meastal te min kandidaten binne fine dizze ferkiezings meastal net plak.
[bewurkje seksje] Oare organisaasje ûnderdielen
Neist de fjouwer ynstitúten binne der ek noch de beliedsstêf, it Service Centre en it Learning Centre. It Service Centre soarget foar alle fasilitêre saken binnen de NHL. It Learning Centre biedt foar studinten en meiwurkers kursussen oan.
[bewurkje seksje] Opliedings
De NHL hat 73 ferskate opliedings, dizze opliedings binne ferdield oer fjouwer ynstitúten. De opliedings wurde yn fjouwer domeinen opdield:
- Ekonomy, management en kommunikaasje
- Technyk
- Learaaropliedings
- Soarch en Wolwêzen
Neist de Bachelor opliedings fersoarget de NHL ek in tal Master-opliedings, wêrfan de measten earstegraad foegen foar de learareopliedings binne.
[bewurkje seksje] Underwiis
It ûnderwiis op de NHL is bot beropsrjochte. It ûnderwiis is yndividueel en kompetinsje rjochte. Alle opliedings biede de mooglikheid foar studinten om karren te meitsjen troch it Major – Minor systeem.
De studinten wurkje ûnder oare mei it Blackboard-systeem. Fierders krijt eltse stúdint in eigen e-mailadres en tagong ta it yntranet fan de skoalle.