Ryksuniversiteit Grins
Ut Wikipedy
De Ryksuniversiteit Grins (RUG) is yn 1614 oprjochte. Dêrmei hat Grins nei de Universiteit fan Leie de twadâldste noch besteande universiteit fan Nederlân.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
[bewurkje seksje] 17e ieu
De RuG waard yn 1614 oprjochte, as hegeskoalle, op de inisjativen fan Willem Loadewyk en de Steategearkomste fan Stêd en Ommelannen. Der wiene doe 4 fakulteiten:
- Godgeleardens (theologica)
- Rjochten (jura)
- Medisinen (medicina)
- Wiisbegearte (filosofica).
Yn die tiid kamen der jierliks 100 nije studinten by.
Yn 'e 17e ieu wie de RUG, lykas de measte universiteiten, ynternasjonaal oriïntearre. Studinten en dosinten gongen fan de iene nei de oare universiteit, en sa kaam de helte fan'e studinten en dosinten yn Grins út it bûtenlân. Ek de earste rector magnificus, Ubbo Emmius, wie in Dútser. Lykwols wie ek de bân tusken universiteit en regio hecht.
[bewurkje seksje] 18e en 19e ieu
Troch theologyske mieningsferskillen en in muoisumme relaasje mei de Staeten - ûnder mear de belegering fan de stêd troch Bommen Bearnd yn 1672 - stagnearre de ûntwikkeling fan de universteit oan'e ein fan de 17e en yn de 18e ieuw. Der hat doe ek sprake fan west om de universiteit op te heffen. Troch ûnder oaren de bou fan in nij akedemygebouw yn 1850, dat spitich genoch yn 1906 troch brân ferwoeste is, en de Wet op it Heger Underwys yn 1876 waard de posysje fan 'e universiteit ferbettere. Yn dy tiid krige de universiteit ek de namme Rijksuniversiteit Grins en waardt neist it Latyn ek yn it Nederlânsk kolleezje jûn. Derneist begûn men doe ek mei ûndersyk.
[bewurkje seksje] 20e ieu
De earste desennia fan 'e 20e ieu naam it tal fakulteiten en opliedings ta. Dermei naam ek it tal studinten ta: stiene der yn 1914 noch 611 studinten ynskreaun, yn 1924 wiene dat der al 1.000. Yn de oarloch naam it tal studinten ôf, mar it naam dêrnei yn heech tempo wer ta.
[bewurkje seksje] Studinten
Yn al dy jierren binne der in soad talintfolle studinten oplaat dy't letter ek noch fan harren sprekke litten hawwe. Sa hat de RuG it stúdzjeplak west fan in Nobelpriiswinner (Zernike), de earste froulike studint (Aletta Henriëtte Jacobs) en de earste froulike lektor (Marianne van Herwerden), de argeoloog Van Giffen, de earste Nederlânske romtefearder (Wubbo Ockels) en de earste presidint fan de Europeeske Sintrale Bank (Wim Duisenberg).
Op it stuit (2006) binne likernôch 21.000 studinten ynskreaun oan'e RuG, wêrfan ek in grut diel útlânsk.
[bewurkje seksje] Fakulteiten
- Bedriuwskunde
- Ekonomyske Wittenskippen
- Godgeleardheid en Godstsjinstwittenskippen
- Letteren
- Medyske Wittenskippen
- Gedrags- en Maatskippijwittenskippen
- Rjochtsgeleardheid
- Romtlike Wittenskippen
- Wiisbegearte
- Wiskunde en Natoerwittenskippen