Michel Ney
Ut Wikipedy
Michel Ney (10 jannewaris 1769 – 7 desimber 1815), hartoch fan Elchingen, prins fan de Moskwa, wie maarskalk in het leger fan Napoleon Bonaparte.
Hy makke yn de Frânske Revolúsje-oarloggen fluch promoasje yn it leger en waard yn 1804 maarskalk. Hy ûnderskiede him ûnder oaren troch it oerweldigjen fan Maagdeburch yn 1806, en yn de slach by Borodino oan de Moskva yn 1812.
Om't er de Restauraasje erkende, beneamde Loadewyk XVIII him nei de ferballing fan Napoleon ta befelhawwer fan de 6e Frânske divyzje. Doe't er útstjoerd waard om Napoleon dy't weromkaam finzen te nimmen, rûn hy by Auxerre wer oer nei Napoleon.
Yn de kampagne fan de Hûndert Dagen wie er de lieder fan de Frânske troepen yn de Slach by Quatre Bras en fan de linkerflank fan Napoleons leger yn de Slach by Waterloo.
Nei de folsleine nederlaach fan Napoleon waard Michel Ney yn Parys fanwege heechferrie fusilearre. Hy wegere blyndoeke te wurden en it waard him tastien sels it befel om te sjitten te jaan.