Mûzebiter
Ut Wikipedy
Mûzebiter | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Buteo Buteo |
De Mûzebiter (Buteo Buteo) is ien fan de meast foarkommende rôffûgels yn Nederlân. Hy bliuwt dêr ek it hiele jier rûn. Yn de winter binne yn Nederlân ek mûzebiters út Skandinaavje te finen. De 51-57 sm grutte fûgel kin ferskate kleuren hawwe, fan hielendal brún oant en mei in frij ljochte fûgel mei in protte wite fearren. Troch de fariaasje oan kleuren kin de mûzebiter maklik ferwiksele wurde mei de Rûchpoat en de Wapseglee.
[bewurkje seksje] Iten
De Mûzebiter sweeft boppe syn jachtgebiet op 'e syk nei proai. At er wat te iten sjocht dûkt er der boppeop. Lykas by in protte oare rôffûgels bestiet it iten fan de mûzebiter meast út mûzen. Dêrneist yt de mûzebiter ek wol oare proai fan deselde grutte, lykas hagedissen en lytse fûgels.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
De mûzebiters bouwe sels in nêst yn in beam. Dat nêst brûke se meardere kearen sadat it yn grut bouwurk wurde kin. Beide âlden briede op de 2-3 aaien, it wyfke wol it meast. Nei 30-35 dagen komme de jongen út, dy't sa'n 40 dagen op it nêst bliuwe. As der troch de âlden net in protte iten brocht wurdt, sil it lytste jong it faaks net helje.