See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Gamal Abdel Nasser - Wikipedy

Gamal Abdel Nasser

Ut Wikipedy

Nasser yn it midden
Nasser yn it midden

Gamal Abdel Nasser (ek Djamal Abd al-Nasser) (15 jannewaris 191828 septimber 1970) wie de twadde presidint fan Egypte. Hy wurdt sjoen as ien fan de wichtichste Arabyske lieders fan de skiednis.

Nasser is berne yn Alexandrie. Al op 16-jierrige leeftyd wie hy de lieder fan de studintendemonstraasjes tsjin de Britske ynfloed yn Egypte. Hy folge in offisiersoplieding oan de militêre akademy en promovearre yn 1938. Yn 1943 waard hy as ynstrukteur oansteld. Koart dêrnei rjochte hy in geheime organisaasje op mei de namme de Frije offisieren. Yn 1948 die hy mei oan de Arabyske-Israelyske oarloch fan 1948. Hy rekke yn dy oarloch ferwûne.

Op 23 july 1952 plege de frije offisieren in steatsgreep. De korrupte kening Faroek I waard ferdreaun. Generaal Aly Mohammed Naguin waard oansteld as earste minister. Nei it útroppen fan de republyk op 18 juny 1953 waard dizze lêste ek de earste presidint fan Egypte. Nasser, dy’t yntiids kolonel wurden wie, naam de funksje fan de fise earsteminister op him en hy waard minister fan binnenlânske saken.

Naguib woe politike partijen wer talitte mar Nasser woe dit net. Hy pakte op 17 april alle funksjes fan Naguib yn. Op 14 novimber 1954 waard Naguib beskuldige fan it meidwaan oan in aanslach op Nasser. Naguib waard út al syn funksjes setten. Twa jier letter waard hy de twadde presidint fan Egypte nei in ferkiezing wêr’t hy de ienichste kandidaat wie.

Yn 1956 woe Nasser graach in liening haw fan de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk om de bou fan de Aswandaam op de Nyl betelje te kinne. Doet hy dit net foar mekoar krige woe hy it Suez kanaal nasjonalisearje litte. Dit wie it begjin fan de Suez krisis. It begûn mei in wapene konflikt mei Israel, Israel besette de Sinaïskiereilannen en stjitte troch nei Gaza en it Suezkanaal. De Frânsen en de Britten, dy’t harren belangen in reek opgean seagen, rôpen op dat Egypte en Israel harren weromlûke moasten mei harren legers. Doe't dat troch Nasser net akseptearre wurde, lanne op 5 novimber in leger fan in Brits-Frânske koalysje by it kanaal. Under druk fan de Feriene Steaten en de Sowjetuny moast dizze koalysje him weromlûke. It Israelyske leger, dat it Egyptyske leger ferslein hie, krige yn ruil foar de Sinaïskiereilannen de tasizzing dat aksjes fanút Egypte stopje soenen.

Yn 1958 gienen Egypte en Syrje op yn ien steat mei de namme de Ferienige Arabyske Republyk. Koart dêrnei waard ek Noard-Jemen opnaam yn dizze uny. It wie net in súkses, yn 1961 ferliet Syrje de uny.

Yn 1967 woe Nasser in oarloch begjinne mei Israel. Hy lokke de oarloch út troch de Golf fan Akaba ôf te sluten foar Isrealyske skippen. Ek stjoerde hy in soad soldaten nei de grins mei Isreal. Dizze Seisdeiske oarloch pakte net goed út foar Nasser. Nei syn nederlaach woe Nasser ûntslach nimme. Mar hy naam dôchs syn funksje wer oan neidat er massale demonstraasjes kamen om him te stypjen. In pear dagen letter naam hy de hiele macht fan it lân oer. Mei help fan de Sowjetuny boude hy syn militêre apparaat en de ekonomy wer op.

Op 28 septimber 1970 ferstoar Nasser oan in hertoanfal yn syn fila by Kaïro. Hy waard as presidint opfolge troch Mohammed Anwar al-Sadat.


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -