Eastfrysk (Nederdútsk)
Ut Wikipedy
Eastfrysk Nederdútsk (ek: Eastfrysk Plat, Eastfrysk Nederdútsk: Oostfreesk), is in dialekt yn 'e Nederdútske taalkloft, en wurdt sprutsen yn East-Fryslân. It hat yn 'e lette midskieuwen de Fryske taal fan East-Fryslân ferdreaun (nei it suden). It Eastfrysk Plat underskiedet him al fan oare Nederdútske dialekten, útsein it Grinslânsk. It ûnderskied komt troch de sterke Fryske Substraat dy't ynfloed hân hat op it hjoeddeistige dialekt. Ek it Nederlânsk en Frânsk hawwe fan belang west foar it stân kommen fan it Eastfrysk Plat.
It Grinslânsk en Eastfrysk plat kinne as ien dialekt sjoen wurde. Dochs skriuwt men beide talen oars, dit hat mei de standerdtalen te krijen (Nederlânsk en Dútsk).
Foarbylden
Frysk | Eastfrysk | Grinslânsk | Noardnederdútsk | Nederlânsk | Ingelsk | Dútsk |
---|---|---|---|---|---|---|
har | hör | heur | ehr | haar | her | ihr |
moai, kreas | moi | mooi, schier | scheun | mooi | beautiful, nice, fine | schön |
barren | geböhren | gebeurn | passeern | gebeuren | to happen | geschehen |
prate | proten | proaten | snakken | praten | to talk, to prate | sich unterhalten |
net | neet | nait | nich | niet | not | nicht |
wie | was | was | wer | was | was | war |
Troch hegere ynfloed fan it Heechdútsk nimt it tal sprekkers njonkelytsen ôf. Likernôch 50% fan de Eastfriezen kin Eastfrysk Plat ferstean en prate.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- http://www.oostfreeske-taal.de Ostfreeske Taal
- http://www.diesel-online.de Diesel - dat oostfreeske Bladdje, meartalich tydskrift yn it Eastfrysk Plat
- http://www.platt-in-action.de
- http://www.ostfriesischelandschaft.de
- http://www.holger-weigelt.de/projekte/platt/plattrahmen.html
- http://www.lowlands-l.net/anniversary/ostfriesisch.php