Dialekt
Ut Wikipedy
In dialekt is in yn prinsipe sprektalige taalfoarm dy't troch in mienskip, gewoanlik yn ien plak of regio konsintrearre, sprutsen wurdt en dêryn dúdlik ôfwykt fan oare besibbe taalfoarmen. Der wurdt wol sein dat in taal ûngelikense dialekten hat, mar it better te sizzen dat meardere dialekten mei-inoar in taal foarmje.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Kloften
Sa hat bygelyks yn Fryslân hast elts doarp in eigen spraak, en wat minder jildt dat ek foar eltse stêd. De taalkundige oarderet al dy spraken ta kloften fan besibbe dialekten. De measte dialekten wurde dan by it Frysk set, oare by it Stedsk of it Biltsk en wer oare by it Stellingwerfsk.
[bewurkje seksje] Talen
Guon fan dizze kloften binne wer sa sterk besibbe oan oare dat se sels wer as dialekten fan in gruttere kloft sjoen wurde. Sa foarmet it Oertsjongersk wer in dialekt fan it Nedersaksysk. Dialektkloften dy't net, of net mear, ta in gruttere kloft rekkene wurde foarmje in taal - in streektaal of in lânstaal.
[bewurkje seksje] Dynamyk
It ûntstean en it útstjerren fan dialekten stiet yn ferbân mei it ferminderjen of fergrutsjen fan it kontakt tusken gebieten of groepen minsken. By isolearre groepen rinne de dialekten fierder útelkoar. Dizze ûntwikkeling kin sa fier gean dat de dialekten ta aparte talen wurde. Sa ûntstienen út it Germaansk ûnder oaren de aparte talen Frysk, Saksysk en Frankysk. Oarsom wurdt de spraak fan minsken mei mear kontakt hieltyd mear itselde, oant der hast gjin ferskil mear is.
[bewurkje seksje] Standerttaal
Bysûnder dêrby is de standerttaal, in dialekt keazen, of gearstald, as standertferzje fan de taal. In standerttaal ûntwikkelt him lykwols krekt as oare dialekten, dat wêr de standerttaal as de definysje fan in taal sjoen wurdt, kinne oare dialekten dy't harren oars ûntwikkelje ta aparte talen wurde.
[bewurkje seksje] Kultuertaal
By genôch kontakt ûntstiet lykwols tusken groepen dy't elkoar net goed begripe kinne ek sûnder in standerttaal in kultuertaal. Meast hat in kultuertaal in hegere status as de eigen spraak, dat yn it gebiet fan in kultuertaal ferminderje faak de dialekten, at der kontakt bliuwt. Dat betsjut lykwols net dat de dialekten daalks útstjerre; it duorret meast generaasjes ear't in dialekt ferdwynt, en ek dan bliuwt der noch in substraat oer yn de kultuertaal.