De Wylp
Ut Wikipedy
De Wylp is in doarp yn de gemeente Mearum yn it Westerkertier fan Grinslân. It doarp leit op 'e grins mei Fryslân. De bebouwing rint oer de provinsjegrins hinne, De Wylp giet dêr oer yn Sigerswâld. De Wylp hat likernôch 1.600 ynwenners.
De namme fan it doarp komt fan de greidefûgel de wylp. De Wylp is stifte troch Fryske arbeiders dy't hjir kamen te wurkjen yn de feanterij. De oarspronklike bewenners holden fêst oan harren eigen taal. De Wylp, De Pein, Kornhorn en Mearum binne de ienige plakken yn Grinslân dêr't tsjintwurdich noch Frysk praten wurdt.