See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Dar es Salaam - Wikipedy

Dar es Salaam

Ut Wikipedy

Skyline fan Dar es Salaam
Skyline fan Dar es Salaam

Dar es Salaam (دار السلام), earder Mzizima, leit yn it easten fan Afrika. It is de grutste stêd fan Tanzania, mei likernôch 2,5 miljoen (2003) ynwenners. Dar es Salaam wie eartiids de haadstêd en is noch hieltiten it ekonomysk sintrum fan Tanzania.

De stêd leit oan de Yndyske Oseaan, en is de belangrykste havenstêd fan it lân. Fan dizze stêd wurde in ferskaat oan produkten kofje, katoen, sisal, en hûden eksportearre.

[bewurkje seksje] Skiednis

Dar es Salaam betsjut "Hús fan de Frede" in het arabysk.
Yn 1859 kaam de earste Europeaan, Albert Roscher /ut Hamburg, in Mzizima ("de sûne stêd") oan. Yn 1866 joech sultan Seyyid Majid fan Sansibar de stêd de Arabyske namme Bandar as-Salâm dy Haven fan frede betsjut. Nei de dea fan Majid yn 1870 rekke de stêd yn ferfal, mar doe't de Dútske East-Afrika Maatskippij hjir in stasjon festige libbe de stêd wêr op. Dar es Salaam waard it bestjoerlik sintrum en it belangrykste hannelsplak fan Dútsk East-Afrika, en de yndustry wreide him sterk út as gefolch fan de oanlis fan de Sintrale Spoar oan it begjin fan de 20ste ieu.

Dútsk East-Afrika waard under de Earste Wrâldkriich oerweldige troch de Britten en waard tenei Tanganyika neamd. Dar es Salaam bleau it bestjoerlik- en hannelssintrum. Under it Britske yndirekte gesach ûntwikkelen harren op ienige ôfstân fan it stedssintrum âparte Europeeske gebieten (bygelyks Oyster Bay) en Afrikaanske gebieden (bygelyks Kariakoo en Ilala). Dêrneist is der ek noch in grutte groep ynwenners dy't in Súd-Aziaatyske komôf hawwe.

Nei de Twadde Wrâldkriich makke groeide Dar es Salaam hurd. Politike ûntwikkelings, wêrûnder de oprjochting en groei fan de Tanganyika African National Union (TANU), late ta ûnôfhinklikens foar Tanganyika yn desimber 1961. Dar es Salaam bleau de haadstêd, ek doe yn 1964 Tanganyika en Sansibar byinoar gienen en Tanzania foarmen. Yn 1973 waard Dodoma, in mear sintraal lizzende stêd yn it binnelân fan Tanzania, oanwêzen as nije haadstêd. Yn 1996 ferhúze de Nationale Gearkomste nei Dodoma. De ferhúzing is hieltiten noch net klear, in protte regearingsynstellings binne noch yn Dar es Salaam, en Dar es Salaam bliuwt Tanzania's belangrykste stêd.

Yn augustus 1998 plige Osama Bin Ladens terroristyske organisaasje Al Kaida in bomoanslach op de Amerikaanske ambassade yn Dar es Salaam.

6° 49' SB, 39° 17' EL


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -