Warten
Ut Wikipedy
Warten is in doarp yn it noardeasten fan de gemeente Boarnsterhim, noard fan de De Alde Feanen. It doarp hat likernôch 1003 ynwenners (2007).
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Warten diel út fan de eardere gemeente Idaarderadiel, mei Grou as haadplak. Sûnt 1989 is de offisjele namme Warten.
It leit oan it Prinses Margrietkanaal, troch in pontfear is it ferbûn mei Earnewâld. Yn Warten siet sûnt 1907 in skipswerf dêr't skûtsjes, sleepboaten en coasters boud waarden. Ek MS Sier waard hjir boud. Yn 2003 gie de werf fallyt. Oan de Rochsleat efkes bûten Warten leit jachthaven
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Warten ûntstie oan it Alddjip. Om 900 moat de terp al bewenne west ha. It lei frijwat isolearre omt der allinnich oer wetter goed te kommen wie. Op âlde kaarten wurdt it oantsjutten as Warthna en Wartengahe. Dit se dan in soarte gearlûking wêze fan Warten, Wergea en Warstiens. Yn 1865 en 1866 waarden der wegen oanlein nei Garyp en Wergea.
[bewurkje seksje] Gebouwen
De herfoarme tsjerke út 1780 hat brânskildere ramen.
Yn de buorren stiet de Ald Fryske Greidbuorkerij" út 1700 dy't yn 1955 opknapt is. Yn dit langhûs sit no in museum yn. In oar museum is "It Earmhûs".
[bewurkje seksje] Mienskip
Der is in feriening foar Doarpsbelangen. It doarpsblêd hjit Kommune. De Finne en It Ljochtbeaken binne de basisskoallen fan it doarp. De Roekeflecht is de soas far jonfgerein.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Selskip Warten - toaniel
- Sparta - kuorbal
- 'k Haw 'm rekke - badminton
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Ald Djip, Ald Fean, Aldhiem, Boargemaster Waldastrjitte, Bûtenstreek, De Bleek, De Greiden, De Mieden, De Nije Reed, Easterbuorren, Grêft, Hellingpaad, Haadstrjitte, Karriderspaad, Leechlân, Master van Loonpaad, Meagere Weide, Midsbuorren, Nijpaad, Oeble Om Wei, Oer de Barten, Princehof, Rûnwei, Skoallestrjitte, Stoatersreed, Stûkenwei, Stûkleane, Taanpôle, Tsjerkepaad.