Warmenhuzen
Ut Wikipedy
Warmenhuzen (Westfrysk: Wermehúze) is in doarp yn de gemeente Harenkarspel, yn de provinsje Noard-Hollân. It wie fan oarsprong in boeredoarp, mar no is der in soad nijbou mei benammen forinzen. Warmenhuzen wie oant 1990 in selsstannige gemeente. It doarp telde yn 2005 sawat 5608 ynwenners.
Warmenhuzen is wierskynlik yn 9e ieu of 10e ieu ûntstien, ek 745 wurdt wol as ûntsteansdatum neamd. It doarp wurdt as huzegroep fan iene Wermer yn 1289 foar it earst neamd as Wermerhûs.
It doarp is regionaal en lanlik bekend troch de protte sporters. Sa wenne Steven Rooks, winner fan de boltsjestrui yn de Omloop fan Frankryk fan 1988, destiids yn Warmenhuzen. Nei oanlieding fan syn boltsjestrui waard ien kafee yn it doarp farve yn de kleuren fan de trui: wite gevel mei reade boltsjes. Dy gevelstyl hat it kafee holden.
[bewurkje seksje] it besjen wurdich
It besjen wurdich yn Warmenhuzen is de Herfoarme tsjerke. De basis foar dizze tsjerke waard lein yn de 13e ieu. Dit is goed te sjen oan de westgevel, omdat dy oplutsen is út saneamde kleastermoppen. De brûkte kleastermoppen binne moogelik ôfkomstich fan de eartiidske boarcht Nuwendoorn bewesten it dorp. Tsjin dizze westmuorre is de hjoeddeiske toer boud, nei alle gedachten út de 14e ieu. Yn de rin fan de tiid binne èn it skip én de toer ferskeidene kearen útwreide. De klokstoer komt út de yn 1779 ynstoarten toer fan Schoorl. Yn't tsjerke wurde útsein de gewoane tsjerketsjinsten ek eksposysjes en konserten holden. En ek de oare tsjerke, boud yn de 19e ieu troch Theo Molkenboer is it besjen wurdich.
Fierders hat it doarp noch in âld gebou, de Moriaan, út de 16e ieu, no in restaurant.
[bewurkje seksje] Berne yn Warmenhuzen
- Sjouke Westra, in Nederlânske reedrider
- Joop Klant, in Nederlânske proazaskriuwer en ekonoom
- Klaas Boot, in Nederlânske turner en sportferslachjouwer
- Matthé Pronk, in Nederlânske hurdfytser
- Jos Pronk, in Nederlânske hurdfytser