Ska
Ut Wikipedy
Ska is in muzykstreaming dy't yn it begjin fan de 60-er jierren ûntstien is op Jamaika. Ska is in miks fan de tradisjonele mento, Amerikaanske rhythm and blues en kalipso. Ska soe evaluearje ta rocksteady en noch wat letter ta reggy.
De earste ska-muzyk waard opnommen yn Studio One yn Kingston op Jamaica.
In wichtich skaaimerk fan ska is it lizzen fan it aksint op/foar de twadde (en fjirde) tel yn in fjouwerfearnsmaat (upbeat). De muzyk wurdt yn in flot tempo spile en lit him it bêst omskriuwe enerzjike, bliere feest- en dûnsmuzyk. De nûmers binne oar it algemien koart en bûnich.
It soe oant it begjin fan de 80-er jierren duorje oant ska ek yn it westen populêr waard. Dizze twadde weach, bekend as Two Tone, ûntstie yn Ingelân. Yn de 90-er jierren belibbe ska syn tredde weach. Fan 2002 ôf is ska by guon artysten wer in boarne fan ynspiraasje.
De twadde weach is neamd nei it platemerk 2Tone Records fan Jerry Dammers, toetsenist by The Specials. By Two Tone stiene behalve The Selecter ek de kommersjele groep Madness ûnder kontrakt.
Wat de ska-jongereinkultuer oanbelanget oerhearsken yn de Two Tone perioade in kombinaasje fan wyt en swart, ûntliend oan it logo fan 2Tone Records. De klean dy't by ska hearde: âlderwetse huodsjes ("porkie hats"), smelle strikken en swarte puntskuon. In de film de Bluesbrothers waarden de beide haadpersoanen op en top neffens de ska-tradysjes klaaid. Two Tone azeme wat de sfear fan de 50-er jierren.
Fan de tredde weach wiene de Amearikaanske groepen The Mighty Mighty Bosstones en No Doubt de meast opfallende.
[bewurkje seksje] Ska yn Fryslân
Yn de begjinjierren fan de twadde ska-weach wenne de út Liverpool ôfkomstige Mark Foggo yn Fryslân. Hy makke mei syn band Mark Foggo's Secret Meeting op it eigen Top Hole-label de single 'New Shoes'. It soe in aardige hit wurde. Foggo is trou bleaun oan de ska en hat mei syn band Mark Foggo's Skasters mear as 1.000 optredens yn it klubsirkwy yn West Europa fersoarge en in stik of 10 CD's útbrocht.