Sibrandahûs
Ut Wikipedy
Sibrandahûs is mei likernôch 60 ynwenners it lytste fan de tsien doarpen fan de gemeente Dantumadiel.
Sintraal yn it doarpke stiet de út de 13e ieu stammende kleasterkapel Sibrandahûs, nei alle gedachten ûntstien as in úthôf fan it Kleaster Klaarkamp by Rinsumageast. Fan dit tsjerkje binne de muorren moai fersierd. Yn it koar fan it tsjerke sit de grêfkelder fan de famylje Tjaerda van Starkenborch. Yn it tsjerkje wurde geregeld konserten jûn.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Burdaarderstrjitwei, Trekwei.