Sân seelannen
Ut Wikipedy
De sân seelannen wienen yn de Midsieuwen selstannige Fryske geaen. It is net wis of it tal sân letterlik naam wurde moat of dat it mear en oantsjutting wie foar de mienskip fan de seelannen. Yn de bûn fan de sân seelannen wienen yn alle gefallen mear as sân gebieten ferbûn, mar of dy allegear as ien fan de seelannen beskôge waarden is net dúdlik.
Yn in opdieling fan de Fryske Noardseekust wurde de seelannen sa yndield:
- West-Fryslân, fan it Pettense Gat oant it Fly;
- Fryslân, fan it Fly oant de Lauwers;
- De Ommelannen, fan de Lauwers oant de Eems;
- East-Fryslân, fan de Eems oant de Jade;
- Oerjade, fan de Jade oant de Weser;
- Hodelerlân, fan de Weser oant de Elf;
- Ditmarsen, fan de Elf oant de Eider.
Fariaasjes hjirop nimme ek Fryslân oer de Eider op as in Seelân, wêrta bygelyks Oerjade net as in apart seelân sjoen wurdt.
In traktaat út 1417 neamt foar dy tiid lykwols de opdieling:
- West-Fryslân;
- Westergoa;
- Eastergoa;
- In gebiet dat meast lêzen wurdt as de Stellingwerven, en Drinte;
- De Ommelannen, oant de Eems;
- East-Fryslân;
- Bûtjadingen, oant de Weser.
Yn it bûn wienen neffens it traktaat fierder lannen besuden East-Friesland opnaam, wêrûnder de omkriten fan Leer en it Saterlân.
It bûn fan de sân seelannen kaam alle jierren op de tiisdei efter Pinkster byelkoar by de Opstalbeam, by Auwerk.