Ryn
Ut Wikipedy
De Ryn is in Jeropeeske rivier fan 1.320 km. De rivier begjint yn Switserlân, wurdt dan de grins mei Liechtenstein, dan de grins mei it Eastenryk en dan de grins mei Dútslân. Dan giet de Ryn fierder as de grins tusken Dútslân en Frankryk en dan troch Dútslân fierder oant dy yn Nederlân komt. Dêr split de Ryn him yn de Waal, de Isel en de Lek. De Waal en de Lek rinne fierder nei it westen en komme úteinlik út yn de Noardsee; de Isel giet nei it noarden en komt út yn de Iselmar.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |