PC 2007
Ut Wikipedy
De PC fan 2007 waard op woansdei 1 augustus ferkeatst. It wie de 153ste edysje fan de wichtichste keatspartij fan it jier.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] It Lotsjen
Foarôf wie nochal wat diskusje oer it lotsjen. De partoeren 5 oant en mei 8 bestiene út allinne mar haadklasse partoeren wêrûnder twa fan de favoriten. Fan dizze partoeren koe dus mar ien de heale finale berikke. It partoer fan Klaas Berkepas wie it ienichste haadklasse partoer by de lêste 8 fan de list. Dit betsjutte dat op syn minst ien earste klas partoer de heale finale helje soe, en op papier hiene Berkepas en dy in maklike 1e en 2e omloop.
[bewurkje seksje] Finale
De finale wie tusken de partoeren fan de winners fan it jier derfoar Johan van der Meulen, Teake Triemstra en Auke van der Graaf en it partoer fan Klaas Berkepas, Pieter Scharringa en Daniël Iseger. It partoer fan Van der Meulen kaam maklik op in foarsprong fan 4-0, mar dêrnei wie it foaral troch wat opslachflaters fan Van der Meulen it partoer fan Berkepas wat wêr tichteby komme koe. It waard op lêst alles oan de hang, mei in lytse keats doe't Johan van der Meulen de partij mei in sitbal útmakke.
Johan van der Meulen wie oer de hiele dei sjoen poerbêst oan de opslach en waard, nettsjinsteande in minne rite ûnder de finale keazen ta kening fan de PC 2007.
[bewurkje seksje] List fan dielnimmers oan de PC fan 2007
1
|
Wilco Rinia | Makkum |
2
|
Pieter Bakker | Ljouwert |
Karel Nijman | Ljouwert | Michel van der Veen | Frjentsjer | ||
Gert Jan Meekma | Wytmarsum | Tjibbe Hansma | Mûnein | ||
3
|
Dirk Yde Sjaarda | Easterein |
4
|
Simon Minnesma | Dronryp |
Erik Haitsma | Wommels | Tjitte Bonnema | Tsjummearum | ||
Pier Piersma | Ljouwert | Folkert van der Wei | Wytmarsum | ||
5
|
Rutmer van der Meer | Sint Jabik |
6
|
Jochum Bouma | Easterlittens |
Jacob Wassenaar | Sint Anne | Jan Willem van Beem | Dronryp | ||
Chris Wassenaar | Minnertsgea | Douwe Groenendijk | it Hearrenfean | ||
7
|
Sibbele Lootsma | Snits |
8
|
Johan van der Meulen | Broeksterwâld |
Hylke Bruinsma | Ried | Auke van der Graaf | Berltsum | ||
Marten Feenstra | Berltsum | Teake Triemstra | Sint Jabik | ||
9
|
Klaas Berkepas | Hoarnstersweach |
10
|
Gert Anne van der Bos | Holwert |
Pieter Scharringa | Dronryp | Lennart Adema | Wytmarsum | ||
Daniël Iseger | Ljouwert | Feiko Broersma | Easterlittens | ||
11 | Jan Dirk de Groot | Butenpost | 12 | Johan Abma | Gau |
Marten Hiemstra | Ried | Tjerck Floris Karsten | Hartwert | ||
Alle Jan Anema | Reduzum | Arie den Breejen | Arum | ||
13 | Louwrents Reitsma | Menaam | 14 | Rutger van der Meer | Dolsterhuzen |
Jacob Klaas Haitsma | Wommels | Bauke van der Graaf | Berltsum | ||
Gerrit Flissijn | Easterein | Jan Hospes | Grins | ||
15 | Feite de Haan | Easterein | 16 | Robert Rinia | Arum |
René Anema | Balk | Renze Pieter Hiemstra | Sint Jabik | ||
Willem Rienks | Wageningen | Peter de Boer | Frjentsjer |
[bewurkje seksje] Utslaggen 1e list
- 1-2: 5-3 (6-0)
- 3-4: 5-4 (6-4)
- 5-6: 5-3 (6-4)
- 7-8: 4-5 (6-6)
- 9-10: 6-3 (6-4)
- 11-12: 5-2 (6-4)
- 13-14: 5-1 (6-6)
- 15-16: 5-4 (6-4)
[bewurkje seksje] Utslaggen 2e list
- 1-3: 5-3 (6-0)
- 5-8: 5-5 (4-6)
- 9-11: 5-5 (6-4)
- 13-15: 4-5 (2-6)
[bewurkje seksje] Utslaggen heale finales
- 1-8: 4-5 (0-6)
- 9-15: 5-2 (6-0)
[bewurkje seksje] Utslach finale
- 8-9: 5-5 (6-6), partoer 8 wint.
[bewurkje seksje] Kening PC 2007
- Johan van der Meulen