See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Oregon - Wikipedy

Oregon

Ut Wikipedy

State of Oregon
Vlag van Oregon Zegel van Oregon
Ofbyld:Map of USA highlighting Oregon.png
Ofkoarting OR
Haadstêd Salem
Tiidsône -7 / -8
Algemien
Oerflakte 255.026 km²
Befolking 3.594.586
Oare ynformaasje
Tatreden 14 febrewaris 1859
Oantal countys 36

Oregon is ien fan de steaten fan de Feriene Steaten fan Amearika.De haadstêd is Salem.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

De Amearikaanse steat Oregon makke eartiids part út fan in noch folle grutter gebiet dat ûnder twadielich Britsk-Amerikaansk bestjoer stie, de Oregon Country. Sûnt 1846 waard it gebiet opsplitst by de 49e breedtegraad. Ut it lân súdlik dêrfan ûntstie it Amerikaanske Oregon territorium. Op 14 febrewaris 1859 waard Oregon formeel de 33e steat fan de Feriene Steaten.

[bewurkje seksje] Geografy en klimaat

De steat Oregon is 255.026 km² grut en heart by de Pasifik tiidsône, útsein in lyts stikje yn it easten dat ûnder de Mountain-tiidsône falt.

Oregon leit oan de Grutte Oseaan en grinzet oan de steaten Washington, Idaho, Kalifornje en Nevada.

Mount Hood
Mount Hood

Fan noard nei súd rint it Kustberchtme, in berchrige mei as heechste punt de top fan de stratofulkaan Mount Hood (3426 m). Westlik hjirfan falt net folle rein. Dêrom is it súdeastlike part fan de steat droeger en flakker.

In wichtich nijsgjirrichheid is de Kratermar, de djipste mar fan de Feriene Steaten. De mar fan om-ende-by 600 meter djip ûntstie sa'n seistûzen jier lyn út de fulkaan Mount Mazama.

Oare marren yn Oregon binne de Malheurmar en Boppe Klamathmar. De wichtichste rivieren binne de Kolumbia, dy't it grutste part fan de grins mei Washington foarmet en de Snake, dy't in grut stik fan de grins mei Idaho foarmet.

[bewurkje seksje] Nijsgjirrichheden

It gebiet dat lâns de rivier de John Day leit is ien fan de wichtichste fynstplakken fan fossilen op de wrâld. Geologysk nijsgjirrich binne ek de Lava Lands.
Yn it natsjonaal park waard yn 2003 in Sombere huningswam ûntdekt mei in ûndergrûnsk trieddestelsel fan 8,9 km². Hjirmei is dit it grutste organisme fan de wrâld.

[bewurkje seksje] Bestjoerlike yndieling

Oregon is ûnderferparte yn 36 county's.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens


43° 56' N, 120° 34' W


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -