Muntsjesyl
Ut Wikipedy
Muntsjesyl is it meast eastlike fan de 12 doarpen yn de gemeente Kollumerlân. It doarp hat likernôch 535 ynwenners.
It doarp leit oan de Muntsjesylsterried, tsjin Grinslân oan. It doarp hat tsjintwurdich in passantehaven. Opfallend yn it doarpsbyld is de Muntsjesylstermûne in de folksmûle ek wol Rust Roest neamd. De mûne hat in stienen ûnderbou üt 1856. De mûne is in achtkante stellingmûne mei reit dutsen.
Súdlik fan it doarp leit in âlde bôgebrêge fan 1802, it Pypke neamd.
[bewurkje seksje] Skiednis
Muntsjesyl is in kûmdoarp dat yn de lette midsieuwen ûnstien is by de yn 1476 troch Sistersjinzer mûntsen fan Gerkeskleaster sleine slûs yn de Lauwers, dy't it troch harren bedike lân beskermje moast. De slûs is in tal kearen ferlein en fernijd. Oan de ein fan de 16e ieu waard ferdigeningsskâns oanlein. De bouw fan de tsjintwurdige slûs yn 1741 foarme in ûnderdiel yn de ferbettering fan it Syldjip en de Muntsjesylsterried.
[bewurkje seksje] De herfoarme tsjerke
It hat lang duorre foar't Muntsjesyl sels in tsjerke krige. Dy is der kommen mei in subsydzje fan de Steaten yn 1655. It liket derop dat de Boerumers der net folle foar fielden, want der is tsien jier oer de bou dien. Op 13 augustus 1665 holde ds. Johannes de Grauw syn earste preek yn de nije tsjerke. Oant 1856 ta waarden de tsjerketiden oanjûn troch in hoarn. Der waard om de safolle tiid wer wat oan de tsjerke ferboud. Yn 1899 waard besletten om it ris goed oan te pakken. De arsjitekt H.A. Zondag krige de opdracht om in fernijde tsjerke te ûntwerpen. Zondag liet him ynspirearje troch de Renêsânse. Boerum en Muntsjesyl foarmje altyd noch in kombinaasje.
Muntsjesyl hat in oargel út om 1755 hinne. Wa't it boud hat is net bekend. Wis is dat de barokke kas makke is foar rooms-katolike skûltsjerke 'In den Toren' te Amsterdam . Fia de grifformearde tsjerke yn Ommen is it yn Muntsjesyl te lâne kommen. Yn 1985 hat de oargelbouwer A.J. Opten it ûnder hannen hân.
[bewurkje seksje] De Grifformeare tsjerke
De Griformearde tsjerke, dy't tsjerlik ta Grinslân rekkene wurdt, boude yn 1913/14 in nije tsjerke. It ûntwurp wie fan de bekende Grinzer tsjerke-arsjitekt Egbert Reitsma.