Kippenburch
Ut Wikipedy
Kippenburch is in buorskip yn de gemeente Gaasterlân-Sleat. It leit oan de De Luts súdwestlik fan Balk. De namme komt krektas Hanenburch fan it wat gekoanstekkerich oantsjutten fan in boerepleats.
[bewurkje seksje] Lângoed
Nei mear as in ieu wurdt der wer in Wyldemerk holden. Sûnt 1338 wie dat in jiermerk, mar sûnt 2003 is it in kultuer-histoarysk evenemint mei in soad teater. Der wurde streekprodukten ferkocht, mar der binne ek trûbadoers, ferhalefertellers, muzyk en hynstesport.
[bewurkje seksje] lânhûs Kippenburch
Sawat 300 meter fan de Luts liet grytman Van Swinderen oan it begjin fan de 19e ieu in hinnefokkerij en in lânhûs op de 26 ha. grûn sette. Doe't de fokkerij net mear genôch oplevere waard it hûs ta herberch ferboud. Yn 1985 waard it hotel sluten en waard it gebou restaureard. It kin no ôfhierd wurde. Yn de pleats sit no in dekstasjon en der is in maneezje by. It is yn eigendom by in neisiet fan de famylje Van Swinderen.
Der binne plannen om tsjinoer de útgong fan it gebou, op it plak fan de âlde gersdroegerij, in sintrum foar jongerein te bouwen.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- [1] - oer de herberch