Kaspyske See
Ut Wikipedy
De Kaspyske See is see mei in gebiet fan 371.000 km² op de grins fan Jeropa en Aazje dy't gjin ferbining mei de wrâldseeën hat.
De see wurdt omslet troch
- Ruslân yn it noardwesten,
- Kazakstan yn it noardeasten,
- Turkmenistan yn it easten,
- Iran yn it suden,
- Azerbeidzjan yn it westen.
[bewurkje seksje] Geografy
It oerflak fan de Kaspyske See leit sirka 28 meter ûnder seenivo, en ek it grutste part fan it kustgebiet leit ûnder seenivo. De see hat trije bekkens. It súdlik bekken is it djipst. Troch de fuortsetting fan de Kaukasus is dat ôfskieden fan it noardlik bekken, dat ûndjipper is, yn it noarden sels mar in pear meter. Eastlik leit, hast kompleet ôfsletten, de Kara-Bogasbocht.
[bewurkje seksje] Wetter
De grutste rivieren dy't yn de Kaspyske See útkomme binne de Emba, de Koera, de Oeral, de Terek en de Wolga. De wichtichste dêrfan is de Wolga, dy't 75% fan de tastream foarmet. Om't de Kaspyske See gjin ferbining mei oare seeën hat is der in direkt ferbân tusken it wetterpeil en it ferskil tusken tastream en ferdamping. Yn de rin fan de skiednis is de grutte fan de see dêrom nochalris feroare. Troch droechte en troch gebrûk fan it Wolgawetter sette om 1930 hinne en perioade fan krimp yn, wêrby de Kaspyske See oant likernôch 1990 mear as 10% gebiet ferlear. Sûnt dy tiid waakst de see wer in bytsje.
[bewurkje seksje] Helpboarnen
Trochdat it measte rivierwetter yn it noardbekken komt is it wetter net oeral likesâlt. Yn de Kara-Bogasbocht is it wetter tige sâlt, en hjir wurdt dan ek oan sâltwinning dien. Yn noardbekken, dêr't it wetter it farskst is, libje steuren, dy't fongen wurde foar de kaviaar.