Kûbaard
Ut Wikipedy
Kûbaard is in doarp yn de gemeente Littenseradiel, noardwest fan Wommels. It doarp hat likernôch 190 ynwenners (2004).
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Kûbaard diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. It doarp hat net folle ynwenners, mar wol twa tsjerkjes. Yn 1893 waard begûn mei it ôfgraven fan de terp Jorum yn Kûbaard. Op 16 maart 1896 waard de helt fan de boppegrûn fan de terp feild.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
Der binne gjin winkels mear. Nei de simmer spilet it doarpslibben him ôf yn doarpshûs it Mienskipshûs. Hjir sit ek ek boartersplak "Pjutterwille". Feriening Doarpsbelang organisearret in soad aktiviteiten mar docht ek it behear fan it sportfjild. Oan de Buorren stiet basisskoalle De Reinbôge. It doarpskrantsje SOK ( Sicht op Kûbaard) ferskynt trije kear jiers. It doarp hat de lêste jierren namme makke as Keunstnersdoarp troch it hâlden fan Keunstdagen.
[bewurkje seksje] Eveneminten
- Hyndermaraton, twadde sneon fan augustus
- Keunstmanifestaasje, om de trije jier, mei keunstners as Fokke de Boer, Martin Sijbesma, Monique Verbruggen en Marten Aukes.
- Kûbaarder Hurdrindei, op de earste sneon fan oktober wurdt dan draafd oer de âlde Slachtedyk.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Feriening Doarpsmienskip
- De Fleanende Bal en Keubaard - biljerten
- Us Nocht - keatsen
- Bid en Werk - frouljusferiening
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Bekende Kûbaarders binne Henk Alkema (muzyk) en skriuwster en dichteres Petronella Moens (1762-1843).
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
[bewurkje seksje] Strjitten
Berkwerterleane, De Gaast, De Grits, De Leane, De Prikken, Grutte Buorren, Joarumerleane, Knilles Ynsesstrjitte, Lopens, Petronella Moensstrjitte, Slachte, Tsjerkebuorren.