Hichtum
Ut Wikipedy
Hichtum is in doarp yn de gemeente Wûnseradiel, noard fan Boalsert. It doarp hat likernôch 70 ynwenners (2004). It buorskip Syswert en de pleatsen Grut Oorns en Lyts Oorns foarmje in diel fan it doarp. Sûnt 1949 hearre de pleatsen fan Grons en lyts Grons ek by de himrik fan Hichtum.
It tsjerkje is boud yn de 12e ieu, mar waard yn de 15e ieu gâns feroare, wêrnei't yn de 17e ieu de hjoeddeiske toer boud waard. Yn 1882 is der in nij ynterieur yn komd en waard de preekstoel fan de súdkant nei de koarsluting fersetten, foar it grêfmonumint. Ek is der in grêfsark út 1626. It oargel yn de Nederlânsk Herfoarme tsjerke is yn 1795 boud troch Albertus van Gruisen. It ynstrumint is yn orizjinele steat bewarre bleaun. Der is in grêfkelder fan de famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg.
It wapen fan Hichtum is ferdield neffens it famylje fan de Thoe Schwartzenberg's. De leelje komt fan it wapen fan de famylje Van Huyghis, dy't krektas oare grytmannen op de Wybrandastins by it doarp wennen. De state is nei in grutte brân yn 1957 nijboud.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
It doarp hat in feriening foar doarpsbelang dy't gearkomt yn it darpshûs Us Gerak. Op'e Hichte is de doarpskrante en der betsiet een feestkommisje. De Wylde Sjitters is de namme fan de biljertferiening.
[bewurkje seksje] Strjitten:
Schwartzenbergwei, Sieswert.
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Nienke van Hichtum wie it pseudonym fan Sjoukje Maria Diederika Troelstra-Bokma de Boer. Sy hie lykwols gjin bining mei it doarp.
- Eartiids wie der in reagerkoloanje by it doarp.