See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Fanø - Wikipedy

Fanø

Ut Wikipedy

De lokaasje fan Fanø yn Denemarken.
De lokaasje fan Fanø yn Denemarken.

Fanø is in Deensk eilân fan sa’n 56 kante kilometer. Der wenje likernôch 3.198 (1 jannewaris 2008) minsken op it eilân. Fanø is it meast noardlike fan alle eilannen yn 'e Waadsee.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Fanø groeide út fan in lytse sânbank nei in eilân. De Noardsee hie in wichtige rol hjiryn. De see spielde sân oan wat op de sânbank lizzen bleau. Hjirtroch groeide Fanø hieltyd grutter. Ek hjoed de dei bart dit noch hieltyd. Dit is goed te sjen yn it noardwestlike puntsje fan Fanø.

De earste tekens fan bewenning op Fanø komme út de 12e ieu. It eilân wurdt taskreaun an it Grûnbesit boek fan de Kening fan Denemarken as besit fan de kroan. Yn it jier 1741 wurdt it eilân troch Kening Christian de VI ferkocht oan de bewenners fan it eilân.

Dit barren is it begjin fan in bloeiperioade foar it eilân. Nei Kopenhagen beskikte Fanø yn dy tiid oer de grutste en wichtichste skipsfloat fan Denemarken. Oerbliuwsels út dizze tiid binne te finen yn Nordby en Sønderho. Hjir binne noch altyd âlde skiphuzen te finen.

Yn de Twadde Wrâldkriich makke Fanø diel út fan de Atlantikwall. In ferdedigingsliny fan de Dútsers om de Alliearden út it Dútske lângebiet wei te hâlden. Mei de Wrâldkriich binne der sadwaande in protte bunkers op it eilân boud. By Nordby binne inkele fan dizze bunkers iepene foar toeristen.

[bewurkje seksje] Mienskip

Op Fanø lizze fjouwer doarpskearnen. De grutste doarpskearn is Nordby, dat yn it noarden fan it eilân leit. Yn Nordby wenje sa’n 2.500 minsken, it is dan ek it grutste plak, en sadwaande ek it haadplak, fan de gemeente. De oare doarpskearnen binne Rindby, dat yn 'e midden fan it eilân leit, Sønderby yn it uterste suden en yn it noardwesten fan Fanø leit Vesterhavet.

Nei de gemeentlike weryndieling fan 2007 bleau Fanø in selsstannige gemeente. Hjirtroch is Fanø, kwa ynwenners, de op ien nei lytste gemeente fan Denemarken. Boargemaster fan Fanø is Erik Nørreby.

De befolking is foar de ynkomsten tige ôfhinklik fan de toeristen dy’t nei it eilân ta komme. De toeristen kinne mei de boat fan Esbjerg ôf nei it eilân farre. Ek skipfeart en fisserij ha in wichtige rol yn de ekonomy


In wynmûne yn Sønderby.
In wynmûne yn Sønderby.

[bewurkje seksje] Natuer

Fanø is op it breedste punt ûngefear fiif kilometer, yn de lingte is it eilân sa’n tolve kilometer lang. De hiele westkant fan it eilân bestiet út ien grut sânstrân. Fierders is in grut part fan it eilân bedekt my heide en nuddelbeammen.

Under mear troch dit ferskaat oan natuer komme der elk jier likernôch 30.000 toeristen nei Fanø.

[bewurkje seksje] Wichtige plakken

  • De tsjerken fan Nordby en Sønderby.
  • Fanø keunstmuseum yn Sønderby.
  • Skipfeart- en kleandrachtsamling yn Nordby.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Tessel - Flylân - Skylge - Amelân - Skiermûntseach - de Richel - it Gryn - Rottum (eilân)
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Nordeneach - Langerëach - Spikereach - Wangereach
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Pälweerm - Noardstrân - de Halligen - Oomram - Feer - Söl - Rømø - Mandø - Fanø


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -