See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Estlân - Wikipedy

Estlân

Ut Wikipedy

Eesti Vabariik
Flagge fan Estlân Wapen fan Estlân
Motto: Gjin motto
Folksliet: Mu isamaa, mu õnn ja rõõm
Lokaasje fan Estlân
Offisjele taal Estsk
Haadstêd Tallin
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
45.226 km²
4,6­%
Ynwenners (2003) 1.408.556
Munt Kroan (EEK)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 24 febrewaris
Lânkoade EST
Ynternet .ee
Tillefoan +372

Estlân is in Baltysk lân yn Noardeast-Jeropa. De haadstêd is Tallin en de presidint fan de republyk is sûnt 2001 Arnold Rüütel. It is de noardlikste en de lytste fan de trije Baltyske lannen, en it ûnderskiedt him fan Letlân yn it foarste plak troch de taal: it Estsk is Finoegrysk wylst it Letsk in Baltyske taal is.

Estlân wurdt begrinzgje troch:

  • de Finske Golf yn it noarden,
  • Ruslân yn it easten,
  • Letlân yn it suden,
  • de Golf fan Riga yn it súdwesten,
  • de Eastsee yn it westen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Foar 1918 hearde Estlân altiten ta ien fan de grutmachten deromhinne: it wie ôfwikselend (foar in part) Deensk, Sweedsk, (foar in part) Poalsk en Russysk. Fierder hat de Dútske Oarder der ieuenlang in wichtige rol spile. Dútsers besetten hêge funksjes yn bestjoer en amtenarij, wylst de Esten arbeid ferrjochten. De emansypaasje fan de Esten en fan de Estske taal kaam pas fan 1800 ôf fan de grûn. Estlân waard yn 1918 in selstannige steat. It ûnôfhinkelyke Estlân waard yn 1940 troch de sovjettroepen beset en, nei in koarte Dútske besetting, yn 1944 by de Sowjetuny ynliifd. Yn 1991 waard Estlân op 'e nij ûnôfhinklik. De jierren fan tanimmende frijens dy't dêr oan foarôfgongen, waarden bekend as de sjongende revolúsje.

[bewurkje seksje] Gearwurking

It lân is sûnt 1991 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 1993 fan de Rie fan Jeropa en sûnt 2004 de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. Estlân hat him op 1 maaie 2004 oansletten by de Jeropeeske Uny mar it hat gjin diel oan de monetêre uny.

[bewurkje seksje] Geografy

Estlân is foar it meastepart in flak lân, wêrfan de noardkust op folle plakken steil út de see opriist, en dat yn it súdeasten oergiet yn in heuvelêftich lânskip. Yn dat gebiet leit dan ek de heechste berch fan Estlân, Suur Munamägi (Grutte Aaierberch, 318m). De eastgrins, mei Ruslân, wurdt foar in grut part foarme troch de Peipusmar (3.555 km2) en de Mar fan Pskov, en noardliker troch de rivier de Narva. Allinnich yn it suden hat Estlân gjin natuerlike grins. Westlik en noardlik fan it fêstelân lizze hunderten fan eilânnen, wêrfan it grutste part ûnbewenne is en wêrdan guont troch de Sowjetuny as militêr terrein brûkt binne. De grutste eilannen binne Sarema en it tichtbeboske Hiiumaa, beide mei in werkenbêr eigen karakter.

[bewurkje seksje] Demografy

De Esten foarmje mei 68,6% it grutste part fan de befolking. Dêrneist befynt har in grutte Russyske minderheid (25,7%) en lytstere minderheden fan Oekraïeners (2,1%), Witrussen (1,2%) en Finnen (0,8%). Om-ende-by 45% fan de ynwenners fan de haadstêd Tallinn is fan net-Etske komôf. Yn Estland is ek noch in lytse groep (300) Estske Sweden, dy't yn de 13e en 14e ieu arrivearren.


Dit materiaal is beskikber fia Wikimedia Commons as Category:Estonia en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiki-projekten.

Oare talen


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -