Eksklave
Ut Wikipedy
In eksklave is in lyts part fan in gebiet dat, troch tuskenlizzend oar gebiet, net ferbûn is mei in grutter part fan it gebiet. Guont eksklaves wurde troch twa as mear oare gebieten omsletten, lykas Kabinda, in eksklave fan Angola tusken Saïre en de Kongo. De measte eksklaves wurde lykwols troch ien lân omsletten, en binne dêrmei ek enklaves, lykas Busingen, in eksklave fan Dútslân dy't in enklave yn Switserlân is.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Kust as grins
Somtiden wurdt it begryp beheind ta gebieten dy't net allinnich gjin ferbining oer lân hawwe, mar ek gjin inkele ferbining oer it wetter. As in lyts gebiet dan in ferbining mei in wrâldsee hat, dan is it gjin eksklave as it grutte gebiet ek sa'n ferbining hat, hoe fier at dy ek wei is. Oarsom wurdt it ek wol útwreide ta dy gefallen dy't allinnich gjin ferbining oer lân hawwe. Gebieten dy't fia de eigen territoriale wetters in ferbining hawwe foarmje dan al in eksklave.
[bewurkje seksje] Tapassings
It begryp wurdt meastal brûkt foar steaten, mar komt in inkeld kear op in leger nivo foar, al binne grinskorreksje dêr meast wat makliker. Brookline Norfolk County Massachusets leit tusken Boston en Newton Massachusets, en hat gjin ferbining mei it grutste part fan Norfolk County.
Ek wurdt it begryp brûkt foar bygelyks in gebiet dat wat it leauwen oangiet by in gebiet fierder wei heart, of wat nei it etnysk of kultureel komôf fan ynwenners by in oar gebiet heart.
[bewurkje seksje] Bûten-eksklave
It komt net in soad foar, mar der hawwe gefallen west fan in eksklave dy't sels ek wer in eksklave hat, in bûten-eksklave. In bûten-eksklave is fansels ek in eksklave op himsels fan itselde gruttere gebiet, mar kin om geografyske of oare redenen sjoen wurde as part fan de gruttere eksklave.
[bewurkje seksje] Ynternationale eksklaves
- Baarle-Hartoch - Belgje yn Nederlân (22 eksklaves).
- Baarle-Nassau - Nederlân yn Belgje (8 eksklaves).
- Barak - Kirgyzje yn Oezbekistan (1 as mear eksklaven).
- Barkudarly - Azerbeidzjan yn Armeenje.
- Baskend - Armeenje yn Azerbeidzjan.
- Busingen - Dútslân yn Switserlân.
- Campione - Itaalje yn Switserlân.
- Ceuta - Spanje yn Marokko (mooglik allinnich in kust-eksklave).
- Chizumulu Eilân - Malawy yn Mozambyk (eilân-eksklave).
- Dekelia Energiesentrale - Syprus yn Grut-Brittanje (2 eksklaves).
- Foruk - Tadzjikistan yn Kirgyzje.
- Juksari Askipara - Azerbeidzjan yn Armeenje.
- Kabinda - Angola tusken Saïre en de Kongo.
- Kairagach Tadzjikistan yn Kirgyzje.
- Kalacha - Oezbekistan yn Kirgyzje.
- Kalmion - Oezbekistan yn Kirgyzje.
- Karki - Azerbeidzjan yn Armeenje.
- Koetsjbehar - Yndia yn Banglades (107 eksklaves).
- Ksylotimbou - Syprus yn Grut-Brittanje.
- Mada - Oman yn de Feriene Arabyske Emiraten.
- Martin Garcia Eilân - Argentynje yn Urûguay.
- Melilla - Spanje yn Marokko (mooglik allinnich in kust-eksklave).
- Monako - yn Frankryk (kust-eksklave).
- Munsterbildchen - Dútslân yn Belgje.
- Mützenich - Dútslân yn Belgje.
- Nava - Feriene Arabyske Emiraten yn Oman.
- Okusi - East Timor yn Yndoneezje (mooglik allinnich in kust-eksklave).
- Ormidia - Syprus yn Grut-Brittanje.
- Rangpur - Banglades yn Yndia (92 eksklaves).
- Rötgener Wald - Dútslân yn Belgje.
- Rückschlag - Dútslân yn Belgje.
- Ruitzhof - Dútslân yn Belgje.
- San Kovo - Ruslân yn Wyt-Ruslân.
- San Marino - yn Itaalje.
- Sarvan - Tadzjikistan yn Oezbekistan.
- Sastavsi - Bosnje yn Servje-Montenegro.
- Sjakimardan - Oezbekistan yn Kirgyzje.
- Sok - Oezbekistan yn Kirgyzje.
- It Suvorovmonumint - Ruslân yn Switserlân.
- Tatly - Azerbeidzjan yn Armeenje (2 eksklaves).