Doejongdieren
Ut Wikipedy
De Doejongdieren (Dugongidae) is in famylje yn it skift fan de Seekij (Sirenia). Der is op it stuit mar ien skaai yn dizze famylje, de Doejongs, mei yn dat skaai ien soarte, de Doejong.
Doejongdieren hawwe, oars as Lamantyndieren mar krekt as oare sûchdieren sân halswringen. Harren sturten hawwe in fiskeftige foarkfoarmige sturtfin.
Njonken de Doejongs wurde ek de, útstoarne, Grutte Seekij ta dizze famylje rekkene.
[bewurkje seksje] Klassifikaasje
- Skift: seekij (Sirenia)
- Famylje: Doejongdieren (Dugongidae)
- Skaai: Doejongs (Dugong)
- Skaai †: Grutte Seekij (Hydrodamalis)
- Famylje: Doejongdieren (Dugongidae)