Blije
Ut Wikipedy
Blije hat no sa'n 870 ynwenners (02-06-2008) en leit yn de gemeente Ferwerderadiel. Neffens de folkstelling fan 1744 wienen dat doe 472. Van der AA komt om 1840 hinne op 990. De Ensyklopedy fan Fryslân (1958) jout 1250 oan. Ek de Blijster befolking hat dus te lijen hân fan minder wurk yn 'e lânbou. Alear stie Blije bekend foar syn flaaksbou. Der waard wol sein dat der yn Blije foar it earst dêr mei begûn wie.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] De namme
De namme 'Blijtha' komt foar yn de libbensbeskriuwing fan abt Freark fan Hallum. De betsjutting fan Blytha soe wêze: Doarp yn 't slyk. Oaren tinke oan Blij (rêstich) en a (wetter), doarp oan rêstich wetter. Der is ek noch in ferklearring dy't seit dat it blinkend út it wetter betsjutte soe.
[bewurkje seksje] De Herfoarme Tsjerke
De tsjerke wie tawijd oan St. Nikolaas. De toer moat yn 'e 13de ieu boud wêze. Yn 1741 is er ferhege of is der in nij sealtek opsetten.
De tsjerke is letgoatysk en moat om 1540 hinne boud wêze as in ferfanging fan in eardere tsjerke. It meubilêr stamt út de 18e ieu. Yn de tsjerke lizze in pear sarken út de Renêssânse. Hjirûnder falt ek de portretsark fan Vincent Lucas.
[bewurkje seksje] Tsjerklik libben
It falt op dat fan de herfoarme dûmny's it ta professor brocht hawwe.
Yn 1835 is der troch Hendrik de Cock in ôfskieden gemeente oprjochte. Yn 1843 is dy gearfoege mei dy fan Ferwert. Yn 1860 is der wer op 'en nij in ôfskieden gemeente oprjochte. Dizze letter wer opgien yn de Grifformearde Tsjerken.
Yn 1946 is der yn Blije in Frijmakke Grifformearde Tsjerke stifte. In protte foarmannen fan de frijmakken kamen út Blije of hienen der bannen mei.
[bewurkje seksje] De Stinzen
Blije hat fjouwer stinzen hân. Aebinga, Unema, Scheltema en Monsma. Fan de lêste twa is neat mea fan bekend. Fan Aebinga is bekend dat yn 1510 Sjoerd fan Aebinga troud is mei Beits Humalda. Sûnt dy tiid neamden se harren Aebinga fan Humalda. It slachte is útstoarn mei Idsert Aebinga van Humalda (1754 - 1834). Aebinga van Humalda wie yn 'e geunst by kening Willem I en sa waard der gûverneur fan Fryslân. Hy wie ynteressearre yn de Fryske taal.
Fan de Unema's is Janko fan Unema bekend. Hy hat tige ward tsjin de Saksers en Karel V. Grutte Pier hat sels noch ris út syn finzenisskip befrije moatten. Letter hat der him ûnderwurpen oan Karel V. Dy betroude it net hielendal en hat Unema earst mar ris in skoft fêst setten. Yn 1547 binne de Unema's útstoarn en in Unema State yn hannen fan de Aylva's kommen. Ek dizze staten binne ôfbrutsen. It plak fan Aebinga en Unema is noch oan te wizen.
[bewurkje seksje] Utbuorrens
Under Blije falle Farebuorren oan de Blijer Feart en Beabuorren.
[bewurkje seksje] Sport en rekreaasje
Troch it doarp rint de Jeropeeske kuierrûte E9, ek wol North Sea Trail of Frysk Kustpaad neamd. De E9 rint bylâns de kust fan Portugal nei de Baltyske steaten.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
AEbingaloane, Boatebuorren, De Terp, Easterbeintumerdyk, Farebuorren, Farrewei, Haven, Healebuorren, Hendrik Kroesstrjitte, Heskamperweg, Hogedijk, Hoofdstraat, Horneweg, Johannes Doornbosstrjitte, Kienstraloane, Klaphornewei, Krimpenwei, Ljouwerterdyk, Lytsebuorren, Mieddyk, Stationsweg, Taniastrjitte, Unemaloane, Unemastraat, Voorstraat, Wierswei, Witteweg, Zeedijk, Zwarteweg.