Bartlehiem
Ut Wikipedy
Bartlehiem is in buorskip by Aldtsjerk yn Tytsjerksteradiel, op de krúsing fan’e Dokkumer Ie, de Feinsumer Feart en de Aldtsjerkster Feart. Foar in part leit it ek yn de gemeenten Ljouwerteradiel en Ferwerderadiel. Der wenje sawat 70 minsken (2006).
De namme "Bartlehiem" is in ferbastering van "Bethlehem", nei it eardere kleaster mei dy namme, wat in heale kilometer fierder nei it easten stie.
It buorskip - en mei him de lytse brêge oer de Feinsumer Feart - is wrâldferneamd troch de Alvestêdetocht. Op harren tocht komme de reedriders twa kear troch Bartlehiem: de earste kear fan Frjentsjer ôf op wei nei Dokkum ta, en dan de twadde kear fan Dokkum út nei Ljouwert. Dat makket Bartlehiem it iennichste plak dêr't by de Alvestêdetocht yn trije rjochtingen reedriders sichtber binne.