Westhoek
Ut Wikipedy
Westhoek is in doarp yn de gemeente It Bilt, oan de westein fan de Aldebiltdyk. It doarp hat likernôch 280 ynwenners (2006). Der wurdt meast Biltsk praten.
Yn 1715 stienen der sa'n 185 oan de Aldebiltdyk, letter binne der yn weagen groepen huzen by boud. Sawat oan de ein fan de dyk op nûmer 1222 stiet "Strandkuis' in gemeentlik monumint.
De Golf van Onrust is in monumint dat herinnert oan de oprjochting fan "Bruorretrou". Dit earste bûn fan lânarbeiders waard yn 1889, middenyn de lânboukrisis, oprjochte yn herberch ‘De Zalm’ yn de Westhoek.
Oant 1 jannewaris 1991 wie Westhoek in buorskip ûnder Sint Jabik. Sa koe de Westhoekster skoalle, oprjochte yn 1825 bewarre bliuwe. Doe't de basisskoalle te min bern hie, is per 2007 fusearre mei de skoalle yn Sint Jabik.
[bewurkje seksje] Strjitten
Aldebiltdyk.