Stefan Banach
Ut Wikipedy
Stefan Banach (30 maart 1892 - 31 augustus 1945), wie in Poalske wiskundige, yn fan de driuwende kreften fan de Lvov - streaming by de Poalse wiskundigen fan foar de Twadde Wrâldoarloch. Hy wie grutendiels autodidaktysk; syn betúfting waard ûntdekke troch Hugo Steinhaus. Doe de Tweede Wrâldoarloch útbruts wie Banach presidint fan de 'Poalske wiskunde mienskip' en professor oan de unifersiteit fan Lvov. Hy wie teffens lid fan de Akedemy fan Wittenskippen fan de Oekraiënske SSR. Omdat hy op goeie fuot stie mei Russyske wiskundigen, koe hy syn heechlearaarskip behâlde tiddens de Russyske besetting fan Lvov. De Dutske besetting fan de stad yn 1941 resultearre yn in massamoard ûnder de Poalske akademisi. Banach oerlibbe, mar koe him alline yn libben hâlde troch it foetin fan luizen mit syn bloed yn it prof. Rudolf Weigl ynstituut, wier ûnderzoek waard goan oan tyfus achtige koarts. Tiidens de besetting rûn syn sûnens tebek (longkanker), en Banach ferstoarn noach foardat hy fanuit Lvov, dat nei de oarloch ynliifd waard troch de Sovjet-Uny, nei Poalen koe werom helle wurden.
Théorie des opérations linéaires (Teoria operacji liniowych, 1932) wurdt beskoge as syn meast ynfloedryke wittenskiplike bydrage. Hy begûn ek mei de Studia Mathematica - rige, der't hy de redaksje oer fuorde.
Stanislaw Marcin Ulam, in oare wiskundige út Lvov, sloech yn syn autobiografie acht op it folgende oer Banach: "Goeie wiskundigen sjoche analogieën. Grutte wiskundigen sjoche analogieën tusken de analogieën".
Banach wie de grûnlizzer fan de functionaalanalyse; hy die ek wichtige bydragen oan de teory fan fectorruimten, maatteory, ferzamelingenlear mei oare ûnderdelen fan de wiskunde.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Banachruimte
- Banach-algebra
- Stelling fan Banach-Steinhaus
- Banach-Tarski paradox
- Stelling fan Hahn-Banach
- fastepuntstelling fan Banach