Rienck Bockema
Ut Wikipedy
Rienck Bockema of Reinik Bockema, ek wol Rewenich, ( ± 1350 - Thabor, 29 febrewaris 1436 ) wie in Fryske haadling yn it gebiet om Snits hinne. Hy wenne op de stins Rodenburch.
Yn syn libben hat er fochten tsjin Litouwers en tsjin de Turken. Hy hat in pylgerreis makke nei Jeruzalem. Albrecht fan Beieren makke him om 1398 hinne ek noch baljuw fan Olde Waghenbrugghe, dat de hiele Súdwesthoeke omfieme (Wagenbrugge is Weinbrits woarn, fandêr de namme Wymbritseradiel). Hy krige dit baljuwskip fan greve Albrecht omdat se beide Fetkeaper wiene. Doe't de Skieringers yn 1400 súkses hiene binne in soad Fetkeaper eallju flechte nei Starum, it lêste bolwurk fan greve Albrecht. Bockema wie tusken 1399 - 1402 balling yn Hollân. De stins Rodenburch is doe ferwoaste troch de Snitsers.
Yn 1406 kaam Rienck werom en stifte it Kleaster Thabor by Turns, wêr't hy yn 1410 sels yn gie. Hy waard opfolge yn syn rjochten as haadling troch syn skoansoan Agge Harinxma.
Yn Snits is in de Rienck Bokkemakade nei him neamd.
[bewurkje seksje] Literatuer
- Willem Tjerkstra - Ridder Fan Snits, Histoaryske Roman Oer Rienck Bockema (1999)