Reytse Aysesz
Ut Wikipedy
Reytse Aysesz ( ? - 1574 ), wie de lêste doopsgesinde martelder yn Fryslân.
Reytse waard op 18 septimber 1573 ferret yn syn wenplak Aldeboarn en finzen nomd. Fuortendaliks waard hy nei Ljouwert brocht. Op 23 april 1574 waard hy ta de dea feroardiele en dyselde jûns waard hy ferdronken yn de 'Pinichtoer'.
Yn it boek Martelaarsspiegel út 1685 fan Van Braghts wurdt wiidweidich oer him skreaun. Hjiryn stiet syn folsleine fûnnis, mar ek syn ferhearren. Dy steane yn acht brieven fan Aysesz oan syn frou, âlden en freonen fan de menniste gemeente.