Pakistan
Ut Wikipedy
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
Pakistan is in lân yn Súd-Aazje. De haadstêd is Islamabad en de presidint fan de republyk is sûnt 2001 Pervez Musharraf.
Pakistan wurdt begrinzge troch:
- Afganistan yn it noarden;
- Sina yn it noardeasten;
- Yndia yn it easten;
- de Arabyske See yn it suden;
- Iran yn it westen.
Pakistan betsjut Lân fan de reinen, dêrmei wurde de moslims bedoeld. Ek hawwe de letters fan Pakistan in betsjutting. De P is fan Punjab, de A fan Afganistan (noardwesten), de K fan Kasjmir, de S fan Sindh en Tan fan Baluchistan. Dizze letters foarmje meielkoar Pakstan. De Ingelsken hawwe der noch in i tusken setten sadat it wat makliker útsprutsen wurde kin.
[bewurkje seksje] Skiednis
Pakistan waard op 14 augustus 1947 makke sadat de Indiaaske moslims harren eigen steat hienen. Doetiids wie it in dominion yn it Britske Commonwealth. Yn 1956 waard it in selstannge republyk.
Twa jier letter waard in kûp dien troch it leger dy't it bestjoer fan it lân oernaam. Mohammed Ayub Khan regearde oant 1969 en dêrnei regearde Agha Mohammed Yahya Khan oant 1971.
Yn 1971 bruts der in boargeroarloch út en yn de rin fan dizze kriich ferklearre Bangladesj har ûnôfhinklik fan Pakistan.
Yn 1973 waard in nije grûnwet oannommen en krige it lân offisjeel in presidint en in premier. Zulfiquar Ali Bhutto waard premier. Lykwols folge yn 1977 in nije in steatsgreep, diskear ûnder lieding fan generaal Mohammed Zia-ul-Haq.
Nei de dea fan Zia ul-Haq (augustus 1988) kamen der frije ferkiezings, dy't troch Benazir Bhutto wûn waarden. Sy soe hjirtroch de earste froulike premier wurde yn in islamitysk lân. Dôchs waard har rezjym kenmerke troch korrupsje en freonepolityk. Yn 1990 waard sy troch president Ghulam Ishaq Khan ûntslein.
Op 28 maai 1998 fierde Pakistan har earste test út mei in kearnbom. Fermoedlik komt de kennis hjirfoar foar in grut diel út Nederlân, troch smokkeljen troch de Pakistaanske kearnfysikus Abdul Qadir Khan. Sûnt de oprjochting fan sawol India as Pakistan wurdt troch beide lannen twisten oer it besit fan Kasjmir.
[bewurkje seksje] Bestjoer en polityk
Yn 1999 griep generaal Pervez Musharraf de macht troch it demokratyske regear fan Nawaz Sharif oan de kant te skowen. Sûnt dy steatsgreep regeart presidint Pervez Musharraf it lân mei hurde hân. Hy fiert in pro-westersk belied en krijt dêrom in proatte stipe út it westen. Dar is faak net nei't sin fan de (ekstremistysk) godstsjinstige befolking. Hy krijt de benammen út de Feriene Steaten. Dizze stipe komt foaral om't Presidint Musharraf meidocht as bûnsmaat yn de kriich tsjin it terrorisme. De premier is Shaukat Aziz.
Yn it lân binne in soad groepearrings it net iens mei it belied fan Musharraf. Benammen godstsjinstige groepearrings sjogge him as in sekuliere diktator dy't it lân net yn namme fan de islam regeart.
Yn de provinsje Beloetsjistan binne der groepen dy't stribje nei gruttere selsstannigens. Dit komt foaral fanwege ûnfrede oer de ferdieling fan de opbringsten fan de oanwezige gasfoarrieden en oare minerale rykdommen. Somtiids wurdt troch dizze groepearrings geweld brûkt. Baloechistan jildt as ien fan de earmste provinsjes fan it lân.
[bewurkje seksje] Bestjoerlike yndieling
Pakistan bestiet út 4 provinsjes, 2 grûngebieten en 2 gebieten yn Kasjmir dy't in striidpunt foarmje:
|