Muzikology
Ut Wikipedy
Muzikology of muzykwittenskip is de wittenskiplike stúdzje fan muzyk op universitêr nivo. Dêrby komt it sels praktisearjend muzisearjen net oan bar, it lêze kinnen fan muzykpartitueren dêrfoaroer al. Fierwei de measte studinten ha dan ek in muzikale foarming efter de rêch. Guon kombinearje muzikology ek mei konservatoarium. Muzikology beëaget ûnder oaren de stúdzje fan de muzykskiednis en fan de muzykteory (ûnder oare harmony en kontrapunt út ferskate perioades). Ek de analize fan partitueren is in wichtich aspekt. Dêrneist hat muzikology ek omtinken foar sosjale, psychologyske, en technologyske aspekten fan it muzykbelibjen. Dêrby stiet de muzyk as klank sintraal. Yn 't earstoan, dat is sa, wie de muzikology benammen rjochte op it rêden út it ferjitboek fan âlde masters (lykas bygelyks Antonio Vivaldi en it skriuwen fan romantisearre biografyen; yn de rin fan de 20e ieu krige de muzikology in echt wittenskiplike status. Wichtige persoanen yn de opgong fan de muzikology as wittenskiplike dissipline binne Carl Dahlhaus en Helga de la Motte.
It wichtichst muzikologysk neislachwurk oer klassike muzyk is the New Grove Dictionary of Music and Musicians. Der is ek in Dútske tsjinhinger, de MGG (Musik in Geschichte und Gegenwart).
Etnomuzikology giet om muzikology yn etnyske kontekst.
[bewurkje seksje] Oplieding
Yn Nederlân binne opliedings oan de Universiteit fan Amsterdam en oan de Universiteit Utert, yn Flaanderen wurdt "Master yn de muzikology" jûn oan de Katolike Universiteit Leuven en oan de Universiteit Gent.