Knivskjellodden
Ut Wikipedy
Knivskjelodden is in skiereilân op it eilân Magerøya, ticht foar de noardkust fan Noarwegen, op 71° 11' 08" NB. It is it noardlikste plakje fan Noarwegen en dêrmei ek fan Jeropa.
It leit om-ende-by oardel kilometer noardliker as it folle bekendere Noardkaap (op itselde eilân) en 1,5 km noardliker as Nordkinn dat net op in eilân leit.
Yn tsjinstelling mei de Noardkaap rint Knivskjelodden hiel stadich nei de Barentszsee ôf. Knivskejelloden is allinnich rinnend te berikken fia in 8 km lange kuiertocht.