Klaverke Fjouwer
Ut Wikipedy
Klaverke Fjouwer is in priis, ynsteld troch de PC foar dy keatsers dy't de fjouwer wichtichste keatspartijen wûn hawwe: De Freulepartij Wommels, de Jong Nederlânpartij, de Bûnspartij foar Senioaren en de PC.
Oan't no ta binne der mar 12 keatsers dy't der yn slagge binne dizze fjouwer partijen op har namme te bringen. Efter har nammen stiet it jiertal wêryn de fjirde fan de neamde partijen wûn is:
Jier | Namme | Freule | Jong Nederlân |
Bûn | PC |
---|---|---|---|---|---|
1920 | Ids Jousma | 1916 | 1918 | 1920 | 1920 |
1923 | Taede Zijlstra | 1917 | 1917 | 1923 | 1920 |
1928 | Klaas W. Kooistra | 1919 | 1920 | 1921 | 1928 |
1947 | Frans Helfrich | 1936 | 1938 | 1947 | 1942 |
1960 | Dirk van der Zee | 1953 | 1956 | 1959 | 1960 |
1974 | André Roosenburg | 1968 | 1973 | 1974 | 1972 |
1976 | Johannes Westra | 1960 | 1964 | 1976 | 1968 |
1980 | Joop Bierma | 1978 | 1982 | 1982 | 1989 |
1991 | Erik Seerden | 1987 | 1991 | 1991 | 1991 |
2002 | Jacob Wassenaar | 1996 | 2000 | 2001 | 2002 |
2003 | Cornelis Terpstra | 1997 | 2000 | 2003 | 2002 |
2004 | Auke van der Graaf | 1994 | 1996 | 2004 | 1998 |
Ids Jousma en Erik Seerden binne fan dizze 12 dejingen dy't it Klaverke Fjouwer it hurdst yn harren besit hienen. Fjouwer jier nei it winnen fan de Freule wûnen hja de Bûnspartij en de PC. Ids Jousma hie ûnderweis de Jong Nederlânpartij wûn, Seerden wûn dy yn itselde jier as de oare twa.