Jopie Huisman
Ut Wikipedy
Skilder, foddeman en âldizerkeapman Jopie Huisman (18 oktober 1922 - 29 septimber 2000) is berne yn Warkum.
As realistysk skilder besocht er altyd de emoasjes fan gewoane dingen en minsken wer te jaan. Hy wie autodidakt. Skilderijen ferkeapje woe er net: 'In bern ferkeapje jo dochs ek net'.
Yn 1986 is yn syn berteplak it Jopie Huisman Museum iepene dat sûnt dy tiid mear as 1,5 miljoen besikers luts.