Oerlis:It Bilt
Ut Wikipedy
Is it no mei t, d of dt?
- Yn it Frysk mei in t, en yn it Nederlânsk, de offisjele namme, mei dt. (Oanpast.) Aliter 02.07, 17 nov 2003 (UTC)
Is it in idee en nim de ynformaasje fan dy keppeling oer it Biltsk oer op ús side? (Of op in oare side.) Aliter 11.53, 18 nov 2003 (UTC)
- It is wol nijsgjirrige ynformaasje. Faaks it wol aardich om de side oer it Bilts (ek) yn it Bilts op te nimmen. Ik haw de skriuwer fan it stik, Aldert Cuperus frege om tastimming foar letterlike oername ûnder de betingsten fan it projekt. As ik dêr antwurd op krij, meitsje ik dêr hjir wol melding fan. B.
19-11-03: Tastimming fan Aldert Cuperus om it stik yn syn hiele hear en fear oer te nimmen. Ut respekt foar Aldert stel ik foar om wol de ferwizing nei de orizjinele tekst, sa't dy op Skrift.nl stiet, op dy nije side oer te nimmen. B.
- Ja. Eat as "De ferzje fan <datum> wie in oersetting fan <titel>, Aldert Cuperus, op Skrift.nl", soe ik sizze. Of "in part fan dizze side wie <datum> ...".
As jo indie yn dit gefal ek de Biltker fersje tafoegje, dan soe dat "wie/waard oernaam fan" wêze fansels. (Nim al op dy side op dat dy mei sin yn it Biltsk is, oars set in oar it letter wer oer. Faaks kinne de Bildske ferzje tsjinje as foarbyld fan oerienkomst en fersil fan it Frysk en it Biltsk? De fryske ferzje sil fansels al feroarje.) Aliter 03.53, 20 nov 2003 (UTC)