It wanneljen fan in eilân
Ut Wikipedy
It wanneljen fan in eilân is it ferskynsel dat meinammen waadeilannen net altiid op presys itselde plak lizzen bliuwe. Troch lânferlies oan ien kant en lânwinst oan in oare liket it eilân te ferskowen. Mar om't it eilân net wier ferskowt bliuwe de doarpen op it eilân op it âlde plak lizzen, wat betsjut dat se op it lêst "fan it eilân ôf falle". Om't lange tiid de eilannen hieltyd nei it easten wannelen hat Flylân it doarp West-Flylân oan de see ferlêrn, is fan it Amelân it doarp Sier ferdwûn, en hat Skiermûntseach gjin Westerbuorren mear.
Lange tiid had men tocht dat al ús eilannen nei ferin fan tiid yn de mûning fan de Eems ferdwine soenen, mar op it ein fan de 20e ieu die blyken dat der ek sânwinst oan de westkant fan de eilannen wêze kin. En soenen in de rin fan milenniums de hjoeddeiske eilannen al nei it easten ferdwine, dan moat men oannime dat oan it begjin fan de rige oare eilannen it gat wer folle soenen. Sa binne de Heakse grûnen safolle woeksen dat de Noarderheak no eins al net mear as in plaat beskôge wurde kin. Sa feroaret it byld fan in weiwannelende rige eilannen yn ien fan eilannen dy't foarby wannele, wylst de rige altyd bliuwt.