See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Hurdegaryp - Wikipedy

Hurdegaryp

Ut Wikipedy

de himrik fan Hurdegaryp
de himrik fan Hurdegaryp

Ynhâld

[bewurkje seksje] Yn't koart

Hurdegaryp (offisjeel Frysk) is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Dwers troch it doarp rint de Grinzer Strjitwei, de dyk fan Ljouwert nei Grins. It doarp is al yn de 13e ieu of earder ûntstien, mar doe lei it al súdliker, oan de Simmerdyk.

Hurdegaryp hat likernôch 5.064 ynwenners (2006), dy't ek wol mei in skelnamme "oaljekoeken" neamd wurde.

[bewurkje seksje] Skiednis

It doarp hat in lange skiednis. ‘Hurdegaryp’ betsjut safolle as in hurd stik lân (hurde gea ripe). It is hurd wylst it sângrûn is, en de omlizzende greiden binne klaaigrûn. De klaai is ynklonken, it sân net en dêrom leit Hurdegaryp wat heger as de rest. Sadwaande is't net frjemd dat al yn de midsieuwen minsken harren nei wenjen set hawwe op dit hegere stik lân. It ferhaal giet dat wynterdeis it eartiids in wiete boel wie op it lân rûnom en foaral súd fan Hurdegaryp. De Simmerdyk dy’t dêr leit hjit ek sa wylst it allinnich simmerdeis in goeie wei wie. As it al te mâl gong, kamen sels de minsken út Tytsjerk mei harren kij en skiep en hinnen en sa, nei Hurdegaryp wylst hja yn Tytsjerk wiete fuotten hiene. Oft dat wier is, is net seker.

Yn’e trettjinde ieu stie der al in tsjerke, wêr't no de iisbaan/kanofiver leit. Dizze tsjerke is al lang lyn ôfbrutsen. Stikken dêrfan lykas stiennen en tekpannen wurde noch wol fûn yn de folkstunen op de Hurdegarypster warren, neist it fuotbalfjild fan V.V.H.. De nije tsjerke út 1712 stiet noch oan’e Ryksstrjitwei.

Fan de 14e ieu ôf hat der in stins stien by Hurdegaryp, Grovestins neamd. Fan it gebou is neat oerbleaun, it is yn 1829 ôfbrutsen nei in brân. Hjoeddeis sjochst allinnich noch by it Hoeksterpaed in djoer nijbouhûs, op de plak wêr't de stins stien hat. Oan fjouwer siden rint in sleat, nei alle gedachten de âlde grêft. It bouwurk hat der sawat útsjoen as de Skierstins yn Feanwâlden. Mear hjiroer is op de side fan stinzen in Fryslân te finen.

Yn 1830 waard de Swartewei út 1528 trochlutsen oant Grins. Doe hat Hurdegaryp in stop fan'e postkoets krigen. It wapen fan it doarp is dan ek in koperen posthoarn op in read-swart-reade eftergrûn, fertikaal skieden troch twa tinne wite stripen.

[bewurkje seksje] Hjoed

Dat is allegear in skoft lyn, en ek al stiet der noch wol hjir en dêr in âlde buorkerij, hjoeddeis is Hurdegaryp foaral in grut nijboudoarp oan de binnentrochwei fan Ljouwert nei Grînslân. Foarhinne hie it fjouwer legere skoallen foar in pear tûzen ynwenners: de W.M.Oppdykskoalle en de Hindrik Algraskoalle (protestantsk, no tegearre fierder gong as CBS De Winde), en OBS Nije Winnige (no fuort) en OBS de Fûgelflecht (bestjit noch). Hiel froeger hie de Oppedyk in eigen beukerskoalle:De Einekoer. Hurdegaryp hat fierders in lyts winkelsintrum, de Fuormanderij. Tiisdeis en freeds stjit dêr noch in merke, oftewol tiisdei nuten en freed twa kreammen mei tsiis en fisk.

Net eltsenien tinkt of fynt dat er in protte te dwaan is yn Hurdegaryp, neffens folle ynwenners is it tige rêstich, mar rûnom leit in protte natoer, wat it ta in noflik plak makket. Sa binne der oan de noardside Japmuoi’s Kolk, it Ottema-Wiersmareservaat en de Sippenfennen, wêrt kanofard wurde kin. Boatsjes binne te hier by Dûke-Lûk yn Feanwâlsterwâl. Westlik leit in Djippe Gat, in mar mei elzeboskjes deromhinne. It wetter is helder, mei in protte fisk. Swimme en farre is net tastien, it is gefaarlik djip en ûnberekkenber troch eardere sânwinning. Besuden it doarp Hurdegaryp leit in smûk park, de saneamde ‘kanofiver’, mar net ien hat der ea in kano sjoen. Wol kinst dêr tige goed reedride as der iis leit, wylst der beammen rûnom steane. Sa yn’e lijte is it net sa kâld as op’e Ryptsjerkerpolder efkes fierderop, bygelyks. By de kanofiver kinst ek moai te kuierjen gean, misskyn sjochst wol in iisfûgel, dy sitte dêr. Yn’e simmer is it dêr allinnich net sa stil, dan is it Wâldrockfestival by Hurdegaryp te finen. Dêr komme in protte rûge mar freonlike motormûzen op ôf. Fierders kinst te swimmen gean yn Wetterwille yn Burgum. Of de trein nimme nei Ljouwert of Grins (elts healoere stoppet dy yn H.).

Hurdegaryp is fierder in hiel trochsneed Frysk doarp. Dat sjochst ek al oan de nammen dy’t de bedriuwen dêr hawwe. Under oaren binne dat: Alderenhûs Bennemastate, Boonstra (mitselbedriuw), Bonnema (kapper), Bosgra (hynderguod), Hoekstra (oannimmersbedriuw), Hobbyhûs Hoekstra, Hooghiemstra (gêrsmeanders), Meinema (makelaar), Rijpma (slachterij), Meindert Terpstra (fytsmakker), Tuinstra (drogist), Wiersma (blomkes) en BurCom Multimedi@ (kompjûters). Foarhinne ek: Bakkerij Beetstra, molkboer/SRV-wein Jellema, Fytsenmakker Voolstra, Túnsintrum Wiersma en de wolbekende arsjitekt Bonnema. Dêrneist binne ek sawat alle strjitnammen Frysk.

Yn'e takomst sil it trochgeand ferkear troch Hurdegaryp wat ôfnimme, wylst de 'sintrale as' nei Dokkum dan realisearret wurdt, noard fan it doarp.

[bewurkje seksje] Mienskip

Der is in feriening fan doarpsbelang dy't gearkomt yn doarpshûs De Schalmei. De doarpskrante "Tusken Wâld en Wetter" (TWW) komt sa'n tsien kear yn't jier út. Op de side fan Hurdegaryp binne in soad filmkes oer it doarp te sjen. Oan de van Weerden Poelmanstrjitte stiet buerthûs De Wissel, hjir sit ek de speel-o-teek. Der binne twa basisskoallen yn it doarp:De Winde en Nije Winninghe/Fûgelflecht. Foar de âlderein is der soarchsintrum Bennema State.

[bewurkje seksje] Befolking:

[bewurkje seksje] Ferienings

  • country-line dance - Hurdegaryp
  • Fûgelwacht Hurdegaryp
  • HSV Hurdegaryp - gymnastyk
  • Keunstkring Hurdegaryp
  • Laudamus - sjongen
  • M.R.V. Tesselschade - toaniel
  • Oan leger wâl - shantykoar

sport:

  • basketbalclub Hurdegaryp
  • folleybalclub Hurdegaryp
  • iisclub Hurdegaryp
  • Galefjild - tennis
  • Ypeyruiters - hynsteriden
  • Reitsje Him - keatsen
  • vv Hurdegaryp - fuotbal
  • BCH - biljerten

[bewurkje seksje] Strjitten:

Alle strjitten yn Hurdegaryp. Op de side fan Hurdegaryp stiet in ferklearring fan alle strjitnammen.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens:

Oare talen


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -