See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Gregoriaanske kalinder - Wikipedy

Gregoriaanske kalinder

Ut Wikipedy

Paus Gregorius XIII
Paus Gregorius XIII

De Gregoriaanske kalinder is de kalinder dy't op it stuit brûkt wurdt yn de westerske wrâld.

[bewurkje seksje] Oanpassing

De Gregoriaanske kalinder is in oanpassing fan de Juliaanske kalinder, om't dy oer de rin fan in milennium sa'n 7,8 dagen te lang duorre. De ferbettering fan paus Gregorius XIII, op rie fan Lilio en oaren, wie dat in ieu-jier gjin skrikkeljier is, útsein as it dield wurde kin troch 400. Dit is noch net perfekt, en men hat dan ek alris útsteld om elts jier dat troch 4000 dield wurde kin ek gjin skrikkeljier te meitsjen, mar eins is it sa dat men der net wis fan is dat oer sa'n lange tiid it sinnejier altyd likelang bliuwe sil.

[bewurkje seksje] Ynfiering

De Gregoriaanske kalinder is 24 febrewaris 1582, mei de bul Inter gravissimas, troch Gregorius XIII ynsteld. Dat woe net sizze dat dizze tiidrekkening ek oeral daalks ynfierd waard. Ien fan de problemen wie dat by it ynfieren ek de ôfwiking oant dan ta wer goedmakke wurde moast. Mar by de oanpassings hat wis ek it ferskil tusken Katoliken en de Protestanten meispile. Sa wurdt yn it beslút fan de Steaten fan Fryslân ek net sprutsen fan it ynfieren fan de "Gregoriaanske kalinder", mar fan it ynfieren fan de "ferbettere Juliaanske kalinder".

De measte katolike lannen hawwe de kalinder daalk ynfierd, wêrby op tongersdei 4 oktober 1582 freed 15 oktober 1582 folge. Mar oare lannen hawwe langer wachte om't se eins net oan dy nuvere oergong yn de kalinder woenen. De súdlike en westlike Nederlannen wienen der fluch by; in part die it al yn 1582, en de rest, lykas West-Fryslân, gong fan 1 jannewaris 1583 nei 12 jannewaris 1583. Mar de noard-eastlike, wêrûnder Fryslân, binne pas fan 31 desimber 1700 op 12 jannewaris 1701 oergongen, útsein de Grinzer Ommelannen dy't pas yn 1711 oergongen binne. Dizze oergong fan alve dagen hat de oarsaak west fan it ûntstean fan dagen as Alde Maaie en Ald Alderheljen.

Mar yn de Sowjetuny hat de oergong noch yngripender west. De Sovjetuny gong yn 1918 oer, koart nei de Russyske revolúsje. Doe wie it ferskil fansels noch grutter wurden. Nei 31 jannewaris 1918 kaam dêrom 14 febrewaris, sa't 13 dagen ynhelle wienen. Om't de revolúsje op 25 oktober 1917 wie, skode de jierdei dêrfan ek troch. Sa komt it dat de Oktober-revolúsje yn novimber fierd waard.

It lêste lân dat de Gregoriaanske kalinder ynfierde wie Grikelân, yn 1924. Mar yn in part fan de Otterdokse tsjerken wurdt foar de tsjerke-kalinder hieltyd noch mei de Juliaanske kalinder rekkene.

[bewurkje seksje] Sjoch ek


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -