Fryske literatuer
Ut Wikipedy
Fryske literatuer is de samling fan alle as literêr oan te merken Frysktalige wurken.
De Fryske literatuer wurdt yndield yn de Aldfryske literatuer, de Midfryske literatuer en de Nijfryske literatuer. Mar alderearst moat fan de Midfryske literatuer Gysbert Japiks neamd wurde, dy't syn gedichten skreau yn de 17e ieu doe it skriftlike Frysk net folle mear brûkt waard. It is troch him dat der fan in trochgeande Fryske literatuer sprutsen wurde kin.
[bewurkje seksje] Fryske Ryk
Benammen yn de 6e en 7e ieu binne der yn it gebiet wat it Fryske Ryk west hat, runen fûn. Dy runen wurde ornaris beskôge as it earste skreaune Frysk. It lokbientsje fan Winaam mei it ynskrift ‘Inguz’ is mooglik it âldste, dat wurdt op likernôch 200 nei Kristus rûsd. Oare runeynskipsjes binne it swurdsje fan Arum fan om likernôch 650 hinne dêr’t neffens guon ‘foar Eda boadskipper’ op stiet, en it houtsje fan Westeremden dêr’t op stiet ‘Branning, bûch foar dit stêfke’. Oan 'e ein fan de 8e ieu is bekend dat der in Fryske bard mei de namme Bernlef bestien hat.
[bewurkje seksje] Aldfryske literatuer (12e ieu - 1578)
Fan it Aldfrysk binne der suver allinnich wetboeken (meastepart skreaun oant 1400) en oarkonden (meastepart skreaun nei 1400) oerlevere. De Aldfryske literatuer is yn te dielen yn twa skiften, klassyk en nei-klassyk, dêr't de grins fan yn 'e earste helte fan de 15e ieu leit. It âldste skreaune Aldfrysk is antedearre fan de 12e ieu, in fragmintaryske psalmoersetting. Meiïnoar binne der sechtjin Fryske kodeksen (hânskriften) en ien boek (Freeske Landriucht) dat it earste printe boek yn it Frysk wie. Moralisearjende poetyske teksten binne ek yn de wetboeken ferarbeide, mar hinget wol gear mei it rjocht, foarbylden binne de teksten fan it Freske Riim, de Gesta Fresonum en de Magnuskêsten. De earste Fryske oarkonde is fan 1242. De measte Fryske oarkonden binne skreaun yn it tiidrek 1480-1500. Meiïnoar binne der rûchwei 1300 oarkonden yn it Aldfrysk, de lêste soe fan 1573 wêze. De lêste tekst oerlevere yn it Aldfrysk is in brief fan 1578.
[bewurkje seksje] Renêssânse en Barok (1578 – 1668)
Om 1590 hinne begjint de renêssânse yn Fryslân. In ier teken fan dy renêssânse wie rym-sprekwurden fan Reyner Bogerman (likernôch 1475 - 1566). Yn 1614 wurdt in boek Sprekwurden fan de âlde frije Friezen útjûn, skreaun fan Carel Georg van Burmania. Oare nammen binne Johan van Hichtum (likernôch 1560 - 1628), Jan Jansz. Starter (1593 - 1626) en Peter Sybrandts Baerdt (likernôch 1590 - 1644).
In belangryk skriuwer dy’t sawol de Fryske Renêssânse as Barok fertsjinwurdiget is Gysbert Japiks (1603 - 1666). Yn 1640 ferskynde syn earste boek Friesche Tjerne, in brulloftdicht, dat al it oar fuort yn 't skaad sette soe. Yn 1668, twa jier nei syn dea, ferskynde postúm de Friesche Rymlerye.
[bewurkje seksje] Klassisisme (1668 – 1800)
Yn 1686 ferskine twa Frysktalige boeken fan opmerklike skriuwers, in frou en in dûmny. Yn de De Bron-Swaan fan Titia Brongersma (likernôch 1660 - 1700) steane Frânske, Nederlânske en fjouwer Fryske teksten. Ds. Vitus Ringers (1660 - 1725) lit datselde jier syn Stichtelijk Sang-Priëel útjaan, dêr't er mei besocht it Fryske ta tsjerklike taal te meitsjen mei trije Fryske psalmen.
It neamen wurdich is de twadde Friesche Rymlerye fan Jan Althuysen (1715 - 1763) fan 1755. Oare skriuwers binne Johannes Hilarides (1648 - 1725), de earste poëzij-oersetter út de 18e ieu Durk Lenige (1722 - 1798) brûkte it Frysk ek as earste foar it sonnet, Eelke Meinerts (1732 - 1810), Feike Hiddes van der Ploeg (1736 - 1790).
It krewearjen op it wittenskiplik en literêr mêd fan Everwinus Wassenbergh (1742 - 1826) makke it fannijs opbloeien fan de Fryske literatuer mooglik.
Oare nammen fan skriuwers fan de 18e ieu binne Cynthia Lenige en Simen Althuysen.
[bewurkje seksje] Romantyk (1800 - 1862)
Yn de tiid fan de Romantyk griepen Fryske skriuwers faak werom nei teksten fan Gysbert Japiks en it wittenskiplik wurk fan professor Everwinus Wassenbergh. In skaaimerk fan de Romantyk yn Fryslân is dat it de Dútske ûntjouwings folge, it langstme nei âlde folkslieten en folksferhalen binne der in wichtich elemint fan. Yn ' e tiid fan de Romantyk wie it Fryske skriuwers net frjemd om har ferhalen te skriuwen yn 'e Aldfryske stavering, lykas Montanus Hettema (1796-1873).
Wilens de Romantyk kamen der mear oersettings foar 't ljocht, bygelyks dy fan Rinse Posthumus (1790-1859), Dirks Ankringa (1793-1860) en Wopke Jabikssoan de Jong (1799-1852).
Meidat der net folle oerlevere waard fan de Midfryske literatuer wie it Frysk noch net in echte literêre taal. De taalpioniers fan de Fryske Romantyk binne Albartus Telting (1803-1863), Eeltsje (1797-1858) en Joast Halbertsma (1789-1869), Cornelis Pieter Salverda (1783-1836), Rein Baukes Windsma (1801-1862) en Jacob Roorda (1802-1834).
In griemmank fan nasjonalistyske eleminten opponearre him yn boeken en skriuwsels fan Gerben Piters Colmjon (1828-1884) en Johan Winkler (1840-1916), Harmen Sytstra (1817-1862), Tiede Roelofs Dykstra (1820-1862). Nei it ferstjerren fan Sytstra en Dykstra yn 1862 kaam de Romantyk yn Fryslân oan ‘e ein.
[bewurkje seksje] Realisme en Naturalisme (1862 – 1915)
De tiid fan it iere Fryske Realisme opponearre him benammen yn it wurk fan Waling Dykstra (1821-1914). Waling Dykstra kin mei boeken as Doaitse mei de Noardske balke fan 1848 en syn wurk op it wurdboekmêd taalbouwer neamd wurde. Syn boek De sulveren rinkelbel fan 1856 is yn 2002 op ‘e nij útjûn yn de rige fan Fryske klassiken.
Piter Jelles Troelstra (1860-1930) wie master yn 'e rjochten en sosjalistysk politikus, mar hat lyksa wichtich west foar de Fryske literatuer, syn earste eigen stik Oan 'e sédyk ferskynt yn 1881. Literêre meiwurkers binne Sjoukje Maria Diederika Bokma de Boer (Nynke fan Hichtum) (1860-1939), Tsjalling Eeltsjes Halbertsma (1848-1912) en Cornelis Wielsma (1845-1922).
Oare skriuwers fan belang binne Hjerre Gjerrits van der Veen (1816-1887), Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906), Lucius Columba Marray Bakker (1822-1911), Gerben Postma (1847-1925), Sake Knjilles Feitsma (1850-1918), Lútzen Harmens Wagenaar (1855-1910), Oebele Stellingwerf (1848-1897), Geertruida Christina Jentink (1852-1918), Japik Hepkema (1845-1919), Sikke Sibes Koldyk (1861-1927), Sybren Valkema (1850-1921).
It Naturalisme krige syn gerak yn it wurk fan skoalmaster Sake Kornelis Feitsma (1850-1918). Om 1900 hinne hied er publikaasjes yn ferskate tydskriften dy’t yn 1999 bondele waarden yn de rige Fryske klassiken, mei as titel Ut ‘e ûnderste lagen.
[bewurkje seksje] Jongfryske Mienskip, Ynterbellum en Twadde Wrâldkriich (1915 – 1945)
De Jongfryske Mienskip wie tige beret en bring de Fryske literatuer nei in heech nivo. Douwe Kalma (1896 – 1953) wie de lieder fan de organisaasje dy’t om 1920 hinne likernôch 700 jonge leden hie. Syn Samle fersen ferskynden yn 1996, mar syn wize fan tapassen fan it taaleigen waard troch guon kritisy gauris as keunstmjittich oantsjut. Kalma hat al it wurk fan William Shakespeare nei it Frysk oerset. Net eltsenien koe it rjocht lykfine mei Kalma, hy hie gauris strideraasje mei de sjoernalist Jan Jelles Hof (1872 – 1958) fan it Ald Selskip. De drystmoedige Jongfryske Mienskip foar it konservative Ald Selskip oer.
Yn it ynterbellum ferskynde de roman foar it earst yn 1921, doe’t de De Hoara’s fan Hastings fan Simke Kloosterman (1876 – 1938) printe waard. In oar tige bekend boek fan him is It jubeljier, dat yn 1994 op ‘e nij útjûn waard yn de earste rige fan Fryske klassiken. Oare romanskriuwers fan dy tiid dêr’t boeken fan op ‘e nij útjûn binne, wienen Reinder Brolsma (1882-1953) mei De Heechhôf trilogy en Grûn en minsken, Ulbe van Houten (1904 – 1974) mei De sûnde fan Haitze Holwerda en syn ferhalebondel De rook op it lân, Nyckle Haisma (1907 – 1943) mei Peke Donia, de Koloniaal, Douwe Kiestra (1899 – 1970) mei De froulju fan de fetweider, Abe Brouwer (1901 – 1985) syn boek De gouden swipe is yn 1998 troch Steven de Jong ferfilme.
Fan 1942 ôf koe der allinnich mar mei tastimming fan de Kultuerkeamer publisearre wurde. Lykwols kaam yn 1943 de Fryske bibeloersetting foar ’t ljocht. Guon skriuwers dy’t wilens de kriich de Dútsers sympatisearren krigen nei de kriich in publikaasjeferbod.
Oare skriuwers fan dit tiidrek dy’t fan belang binne, binne Ype Poortinga (1910 – 1985) mei syn fersebondel sinneblink fan 1941 en it Foech soldate-oproer fan 1941, Douwe Annes Tamminga (1909 – 2002) mei syn dichtbondel Balladen en Lieten fan 1942. Oare nammen binne Rintsje Piter Sybesma (1894 – 1975).
[bewurkje seksje] Subkultuer en skieding tusken Beweging en Literêr (1945 – 2000)
Sa’t Fedde Schurer (1898 – 1968) yn it literêr tydskrift De Tsjerne al skreau, wie nei de Twadde Wrâldkriich wie de ferbining tusken de Fryske bewegers en Fryske skriuwers al fierhinne weiwurden. In man dy’t dat al earder die wie de dichter Obe Postma (1868-1963). Lykwols wie Schurer dochs taalstrider wurden fanwegen kneppelfreed dêr’t er in wichtige rol yn spile hat.
Troch it oanboazjen fan subkulturen krijt de Fryske literatuer in grutter ferskaat, der wurde net allinnich mear romans oer de regio skreaun. Yn 1962 wie it debút fan Rink van der Velde (1932 – 2001) Joun healwei tolven is de earste roman dy’t him yn it bûtenlân ôfspilet. It leit yn ‘e reden dat der histoaryske romans skreaun waarden ferwiizjend nei de Twadde Wrâldkriich. Yn 1966 ferskynt it boek De fûke fan van der Velde dat yn 2000 ferfilme waard troch Steven de Jong.
Fryske literêre tydskriften | |
---|---|
De Golle | Iduna |
De Moanne | Kistwurk |
De Tsjerne | Lyts Frisia |
Doar | Noost |
Farsk | RAER |
Frisica nova | Sonde |
go-gol | Trotwaer |
Hjir | Quatrebras |
Yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Margryt Poortstra en Baukje Miedema komme feministyske stânpunten nei foaren.
Yn dit tiidrek ha de neikommende skriuwes tige fan belang west, Piter Terpstra, Durk van der Ploeg, Anne Wadman, Sjoerd van der Schaaf, Klaas Bruinsma, Tiny Mulder, Ype Poortinga en Ypk fan der Fear.
Yn 1993 fiert 'Operaesje Fers' har 25 jierrich bestean, mar hâldt yn 1994 op te bestean.
[bewurkje seksje] Hjoeddeisk (2000 – no)
Nei 2000 wurdt it maatskiplike ideaal wat wei en binne de skriuwers alhielendal net mear bûn oan in streaming of subkultuer. Hylke Speerstra (1936 - hjoed) debutearre al 1968 mei Heil en Seil, yn 2000 publisearre er It wrede paradys en yn 2006 De Oerpolder. Meiïnoar binne der fan Hylke Speerstra al mear as 100.000 Frysktalige boeken ferkocht. Rink van der Velde bliuwt oant syn dea tige warber as skriuwer, fan syn boeken binne der mear as 200.000 ferkocht.
Oare skriuwers binne Abe de Vries, Albertina Soepboer, Arjan Hut, Eric Hoekstra, Henk Wolf, Jetske Bilker, Marga Claus en Nyk de Vries.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Literatuer
- Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof - Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, AFûK, ISBN 90 70010 52 6
- Teake Oppewal - NL Zoland de wind de wolkend waait, útjouwer Bert Bakker, ISBN 90-351-3017-0