Fryske keningen
Ut Wikipedy
Fryske keningen wienen keningen fan de Friezen, it Germaanske folk dat harren ûnderskiedt fan oare folken troch it gebrûk fan de Fryske taal.
[bewurkje seksje] Fryske keninkriken
Yn Nederlân ûntwikkele him yn de 6e ieu yn it Frysk-Grinslanner terpegebiet stadichoan in keningskip by de Friezen. Krekt as yn de Angelsaksyske wrâld bestie it Fryske gebiet út meardere lytse politike ienheden mei elts in eigen politike lieder as kening. De earste keningen moatte derom foaral beskôge wurden as kriichshearen, waans kant tydlik keazen waard troch lokale machthawwers (eallju) om wjerstân biede te kinnen oan driging fan oare folken.
It Fryske keninkryk krige yn de rin fan de 7e ieu hieltyd mear stal. De keningen wienen súksesfol yn de kriich en wreiden harren gebiet fierder út nei it suden. Sy wienen machtich en ryk en ûnder kening Redbad soe it Fryske ryk har grutste útwreiding krije. Nei dizze kening soe it stadichoan oermastere wurde troch de Franken. Karel de Grutte makke der yn 772 in ein oan, doe't er it gebiet fan de Friezen eastlik fan de Lauwers by it Frankyske ryk foege.